Springe nei ynhâld

Kaaimannen

Ut Wikipedy
kaaimannen
In reade kaaiman (Caiman yacare).
In reade kaaiman (Caiman yacare).
Taksonomy
dieren (Animalia)
stamme:rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme:wringedieren (Vertebrata)
klasse:reptilen (Reptilia)
klade:archosauriërs (Archosauria)
klade:krokkedildiereftigen
   (Pseudosuchia)
klade:krokkedildieren
   (Crocodylomorpha)
klade:echte krokkedildieren
   (Cocodyliformes)
klade:moderne krokkedildieren
   (Eusuchia)
skift:krokkedileftigen (Crocodilia)
boppefamylje:alligatoreftigen (Alligatoroidea)
klade:rûntoskkrokkedillen
   (Globidonta)
famylje:alligators en kaaimannen
   (Alligatoridae)
ûnderfamylje:kaaimannen (Caimaninae)
Brochu, 1999

De kaaimannen (wittenskiplike namme: Caimaninae) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e reptilen (Reptilia), it skift fan 'e krokkedileftigen (Crocodilia), de boppefamylje fan 'e alligatoreftigen (Alligatoroidea) en de famylje fan 'e alligators en kaaimannen (Alligatoridae). It is de susterkloft fan 'e alligators (Alligatorinae). Ta de kaaimannen hearre seis libbene soarten, dy't ferdield binne oer trije ûnderskate skaaien. Dêrnjonken binne der gâns fossile skaaien dy't ek ta dizze ûnderfamylje rekkene wurde. Yn har fersprieding binne de hjoeddeistige kaaimannen beheind ta Súd- en Midden-Amearika. Mei útsûndering fan 'e swarte kaaiman (Melanosuchus niger) binne it nei ferhâlding frij lytseftige krokkedileftigen.

It wurd "kaaiman" is in lienwurd dat it Frysk binnenkrongen is fia it Nederlânsk (kaaiman). It komt ek foar yn besibbe talen lykas it Ingelsk (caiman) en it Dútsk (Kaiman). It wurd is ôfkomstich út it Taíno (kaimán), de taal fan it folk mei deselde namme dat Porto Riko en in diel fan 'e Lytse Antillen bewenne doe't de earste Jeropeänen de Nije Wrâld berikten. It ferwiisde oarspronklik wierskynlik nei de skerpsnútkrokkedil (Crocodilus acutus), mei't kaaimannen yn it Karibysk Gebiet net foarkomme.

De ûnderfamylje fan 'e kaaimannen waard yn 1999 as taksonomyske kloft yntrodusearre troch de Amerikaanske paleöntolooch en anatoom Christopher A. Brochu. It is de susterkloft fan 'e ûnderfamylje fan 'e alligators (Alligatorinae), wêrfan't hjoed de dei mar twa libbene soarten besteane.

Fersprieding en biotoop

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De kaaimannen binne yn harren fersprieding beheind ta Midden-Amearika en de tropyske dielen fan Súd-Amearika. Mei't se sûnder oerflaktewetters lykas rivieren, puollen, moerassen, marren en mangrovesompen net oerlibje kinne, komme se fral foar yn kontreien dy't tige wetterryk binne, lykas it Amazônegebiet, de Pantanal en it streamgebiet fan 'e Orinoco.

Uterlike skaaimerken

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kaaimannen binne oer it algemien nommen frij lyts foar krokkedileftigen, mei in trochsneed lingte fan 1.00–2.50 m en in maksimumgewicht fan 6–40 kg. De útsûndering op dy regel is de swarte kaaiman (Melanosuchus niger), dy't mear as 4 m lang wurde en in gewicht fan 450 kg berikke kin. De lytste kaaimansoarte is dêrfoaroer de cuvierglêdkopkaaiman (Paleosuchus palpebrosus), wêrfan't de wyfkes yn trochsneed heechút 1.20 m lang wurde. Guon fossile soarten, lykas de Puruskaaiman (Purussaurus brasiliensis) en de Mourakaaiman (Mourasuchus amazonensis), beiden út it Mioseen en ferneamd nei rivieren (de Purus en de Moura), wiene lykwols reuseftige bisten, dy't wol 12 m lang wurde koene.

In close-up fan 'e kop fan in brilkaaiman (Caiman crocodilus).

Fan harren neiste libbene sibben, de echte alligators (Alligator spp.), ûnderskiede de kaaimannen har troch ferskate skaaimerken. Sa misse se it bientich tuskenskot tusken de noasters, hawwe se bepânsering op 'e búkside besteande út oerlaapjende skobben dy't opmakke binne út twa oaninoar groeide dielen, en hawwe se langere en skerpere tosken. Fierders binne se yn harren bewegings liniger en lykje se wat dat oanbelanget mear op krokkedillen.

Kaaimannen binne hyperkarnivoaren mei in dieet dat foar it meastepart út fisken en kreefteftigen bestiet. Dêrnjonken frette se ek ynsekten (benammen as se noch jong binne), wetterfûgels, lytse sûchdieren, amfibyen en lytsere reptilen. By 't simmer of as der langere tiid drûchte hearsket, kinne kaaimannen hoalen grave dêr't se har yn weromlûke om in simmersliep te te hâlden.

Fanwegen harren relatyf mânske lichemsgrutte en fûleindigens steane se yn harren ferspriedingsgebiet deunby de top fan it fiedselstring. Inkeld de jagûar (Panthera onca) is in wenstige kaaimansliner, en fierders binne der trije soarten anakonda's, de (gewoane) anakonda (Eunectes murinus), de noardlike griene anakonda (Eunectes akayima) en de Boliviaanske anakonda (Eunectes beniensis), en trije soarten krokkedillen, de skerpsnútkrokkedil (Crocodylus acutus), de Orinokokrokkedil (Crocodylus intermedius) en de bultkrokkedil (Crocodylus moreletii), dy't ek wolris in kaaiman lytsman meitsje. De slachtoffers fan sokke predaasje binne lykwols ornaris eksimplaren fan 'e lytsere kaaimansoarten, yn 't bysûnder de brilkaaiman (Caiman crocodilus) en de reade kaaiman (Caiman yacare).

In breedsnútkaaiman (Caiman latirostris).

Nei de pearing bouwe kaaimanwyfkes nêsten fan plantaardich materiaal dy't mear as 1.50 m heech wêze kinne. Dêryn lizze se 10–50 aaien, dy't oer in perioade fan sa'n 6 wiken ynkubearje troch de waarmte dy't produsearre wurdt troch de ferrotting fan 'e planten dêr't it nêst fan makke is. As de jonge kaaimantsjes út it aai komme, wurde se troch de mem útgroeven en yn 'e bek nommen om se nei in ûndjippe poel oer te bringen. Dêr kinne se ûnder beskerming fan 'e mem leare om te swimmen en te jeien. Wittenskiplik ûndersyk hat oantoand dat kaaimanjongen wol oardel jier yn groepen byinoar bliuwe.

De ûnderfamylje fan 'e kaaimannen (Caimaninae) wurdt kladistysk definiëarre as de brilkaaiman (Caiman crocodilus) en alle soarten dy't dêr nauwer oan besibbe binne as oan 'e Mississippy-alligator (Alligator mississippiensis). Dat betsjut dat der by de ûnderfamylje in protte fossile soarte yndield binne dy't nauwer besibbe wiene oan 'e kaaimannen as oan 'e alligators (Alligatorinae). Yn 'e kroangroep fan 'e kaaimannen binne alle libbene soarten gearbrocht mei fossile soarten dy't fan deselde lêste mienskiplike foarâlder ôfstamje. De rangleaze klade fan 'e jakareekaaimannen (Jacarea) omfettet de fierst ûntwikkele kaaimannen en wurdt definiëarre as de lêste mienskiplike foarâlder fan 'e brilkaaiman en de swarte kaaiman (Melanosuchus niger) en al syn (libbene sawol as útstoarne) ôfstammelingen.

Guon paleöntologen pleatse yn 'e ûnderfamylje fan 'e kaaimannen ek it fossile skaai fan 'e sturtkrokkedillen (Brachychampsa), dat yn 'e regel oan 'e basis fan 'e boppefamylje fan 'e alligatoreftigen (Alligatoroidea) pleatst wurdt. Yn harren artikel Crocodylian diversity during the early Eocene climatic optimum in the Golden Valley Formation of North Dakota, U.S.A. út 2024 brochten Adam Cossette en David Tarailo lykwols de sturtkrokkedillen gear mei inkele nau besibbe skaaien, wêrûnder de stangerkrokkedillen of Stangers krokkedillen (Stangerochampsa) en de Alberta-alligators (Albertochampsa), en stelden foar de alsa ûntstiene kloft de namme Brachychampsini te jaan. Neffens de neamde ûndersikers moatte de Brachychampsini oan 'e basis fan 'e Caimaninae pleatst wurde.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.