Springe nei ynhâld

KINK (radiostjoerder)

Ut Wikipedy
KINK
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
mediumRadio,
Ynternet
taalNederlânsk
oprjochte1 febrewaris 2019
ûntstien útKink FM
sjenrealternative muzyk
sloganAlternative Rock_Radio
haadkertierHilfertsom, Noard-Hollân
eignerJoy of a Toy BV,
Jan Hoogesteijn
útstjoergebiet
ûntfangstgebiet Nederlân
frekwinsje
FMNoard Hollân 98.0 & 98.3 mhz,
Súd Hollân 97.6 mhz,
Utert 97.3
DAB+kanaal 9C
offisjele webside
kink.nl

KINK is in Nederlânske radiostjoerder foar alternative muzyk. De radiostjoerder is de opfolger fan it alternative stasjon Kink FM, dat bestie tusken 1995 en 2011. KINK hat in haadkanaal en ferskate temakanalen; KINK 80's muzyk út de jierren 80, KINK 90's muzyk út de jierren 90 en KINK DISTORTION mei Metal en Hardrock, dy't te beharkjen binne fia ynternet en DAB+, en de settopboks. En sûnt 23 jannewaris 2024 is it haadkanaal fia de FM yn de Rânestêd te belústerjen.

De foargonger fan KINK, Kink FM, bestie tusken 1995 en 2011. It radiostasjon hie gjin etherfrekwinsje en wie allinne fia de kabel en ynternet te beharkjen. Eigener V-Ventures besleat yn 2011 op te hâlden mei Kink FM om't it gjin mooglikheden mear seach om it radiostasjon winstjouwend te eksploitearjen.

De Veronica Holding droech op 1 oktober 2015 de merknamme Kink FM oer oan Jan Hoogesteijn, ien fan de oprjochters fan it eardere radiostasjon. Hy wie dêrneist direkteur fan it stasjon fan 1995 oant 2006. In heal jier letter, op 26 april 2016, kundige Hoogesteijn in werstart fan it radiostasjon oan.

Op 1 oktober 2018, trije jier nei it oerdragen fan de merknamme, kundige Kink FM oan fan 1 febrewaris 2019 ôf wer fan start te gean mei útstjoeringen ûnder de namme KINK, mei Michiel Veenstra as programmadirekteur.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
    • Wikipedy:NL