Kûkaburra
| Kûkaburra | ||||||||||||
|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
| taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
| soarte | ||||||||||||
| Dacelo novaeguineae | ||||||||||||
| Hermann, 1783 | ||||||||||||
| IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
| ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
De gewoane kûkaburra (Dacelo novaeguineae) is ien fan 'e fiif fûgelsoarten fan it skaai kûkaburra's (Dacelo) út de famylje iisfûgels (Alcedinidae). De fûgel wurdt ek wol gniisfûgel neamd om't de rop in soad op laitsjen fan minsken liket. De fûgel is oer it generaal net skou en kin faak maklik benei kommen wurde.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
De 42 sm lange fûgel weaget tusken 310 en 480 gram en hat in lange, foarse snaffel. De kop is rjemmekleurich mei in brune streek oer de kroan en in brune eachstreek. It boarst en de búk binne rjemmekleurich mei ljochtbrune streekjes. Op 'e wjukken sitte wat blaukleurde dekfearren. De sturt is readbrún mei donkere bannen. Mantsjes en wyfkes ha in soad fan inoar. It mantsje hat somtiden wat blauwe plakken op 'e stút.
Fersprieding en libbensgebiet
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De fûgel is in endemyske stânfûgel, dy't yn it súdwesten, easten en it súdeasten fan Austraalje foarkomt yn leafbosk en op gerslân, mar ek yn agraryske gebieten oant tunen en stedsparken.
Der wurde twa ûndersoarten erkend:
- Dacelo novaeguineae minor: Kaap York-skiereilân
- Dacelo novaeguineae novaeguineae: eastlik en súdeastlik Austraalje, Tasmaanje en súdwestlik Austraalje.
Yn 'e 19e iuw waard de soarte ynfierd yn Nij-Seelân en Súdwest-Austraalje en yn 1905 op Tasmaanje.
Hâlden en dragen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oars as de measte oare iisfûgels is de kûkaburra net oan wetter bûn. Hy jaget op ynsekten, slakken, kikkerts en reptilen en somtiden ek lytse fûgels.
Status
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De soarte komt yn it ferspriedingsgebiet algemien foar en der is gjin oanlieding om te tinken dat de oantallen tebekrinne. Op 'e Reade list fan 'e IUCN stiet de soarte as net bedrige klassifisearre.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
