Springe nei ynhâld

Königstein im Taunus

Ut Wikipedy
Königstein im Taunus
De ruïne fan it kastiel Königstein
De ruïne fan it kastiel Königstein
Emblemen
Bestjoer
Lân Dútslân
dielsteat Hessen
lânkring Hochtaunuskreis
Stedsyndieling4 Stadtteile
Sifers
Ynwennertal16.680 (31.12.2024)[1]
Oerflak25,05 km²
Befolkingsticht.666 ynw./km²
StêdekloftFrankfurt Rhein-Main
Hichte200 - 410 m
Oar
Stifting1215 (earste fermelding)
Postkoade61462
Koördinaten50°11' N 8°28' E
Offisjele webside
koenigstein.de
Kaart
Königstein im Taunus (Hessen)
Königstein im Taunus
Kaart
De ruïne fan it kastiel Königstein
Königstein (read) yn 'e Hochtaunuskreis.

Königstein im Taunus is in stêd en kueroart yn 'e Dútske dielsteat Hessen. De stêd makket diel út fan 'e lânkring Hochtaunuskreis en leit oan 'e hellingen fan it Taunusberchtme, sa'n 20 kilometer noardwestlik fan Frankfurt am Main. Fanwegen de geunstige lokaasje en de kuerstatus stiet Königstein bekend as in eksklusyf en djoer wenplak yn 'e regio.

Königstein wurdt foar it earst neamd yn in oarkonde út 1215. De stêd ûntstie om it kastiel hinne, dat boud wie om 'e hannelsrûte tusken Frankfurt en Keulen te beskermjen. Yn 1313 krige Königstein stedsrjochten. Troch de iuwen hinne feroare de stêd ferskate kearen fan hear, wêrûnder de greven fan Königstein-Eppstein en letter it karfoarstedom Mainz.

Yn 'e 19e iuw ûntwikkele de stêd him ta in populêr kuerplak. Benammen de komst fan it spoar en de fêstiging fan ferskate sanatoaria soargen foar in ekonomyske groei. In soad rike famyljes út Frankfurt, lykas de Rothschilds, lieten dêr harren simmerferbliuwen bouwe.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • De ruïne fan it kastiel Königstein is in grutte kastielruïne mei útsjoch oer de Taunus en de skyline fan Frankfurt.
  • De ruïne fan it kastiel Falkenstein leit yn Falkenstein en is in oare ruïne dy't in besite wurdich is.
  • De histoaryske binnenstêd fan Königstein telt noch in oantal karakteristike fakhûzen.
  • Tusken Königstein en Kronberg im Taunus leit in grutte bistetún, Opel-Zoo.
  • It Kurbad Königstein is in opfallend blau gebou út 'e jierren 1970 mei in moderne arsjitektuer.

Königstein heart by de gemeenten mei de heechste keapkrêft yn hiel Dútslân. De befolking bestiet foar in grut part út forinzen dy't yn 'e finansjele sektor fan Frankfurt wurkje. Troch de jierren hinne is it ynwennertal frij stabyl bleaun, mei in lichte groei troch de oantrekkingskrêft fan 'e regio.

Stedsverdieling

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 'e jierren 1970 binne trije doarpen by Königstein foege. De stêd bestiet sûnt út fjouwer Stadtteile:

Ruïne Falkenstein.
  • Königstein is it histoaryske en ekonomyske sintrum mei it grutte kastiel.
  • Falkenstein leit wat heger op 'e helling en is bekend om syn eigen ruïne en de status as Luftkurort.
  • Mammolshain stiet bekend om 'e fruchtbere grûn en de kersebeammen.
  • Schneidhain is in stedsdiel wat westliker yn in 'e delling en hat in eigen stasjon oan it spoar nei Frankfurt (de Königsteiner Bahn).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: