Kâldbloedigens

Kâldbloedigens is in eigenskip fan beskate kategoryen organismen, wêrfan't de lichemstemperatuer sterk op en del giet. In bist dat kâldbloedich is, produsearret sels gjin lichemswaarmte, yn tsjinstelling ta in waarmbloedich organisme. Om op te waarmjen of ôf te kuoljen binne sokke bisten yn begjinsel ôfhinklik fan 'e temperatuer fan harren om-en-by. By in foldwaande hege temperatuer kinne se harsels opwaarmje troch te sinnebaaien, of ôfkuolje troch in koel plak op te sykjen, bgl. it skaad, in oerflaktewetter of in ûndergrûnske hoale. Mar wannear't it net waarm genôch is, wurde sokke bisten traach en reägearje se net (folle) mear op eksterne ympulsen, om úteinlings wei te sakjen yn in steat dy't wol wat wei hat fan sliep. De grutste groepen kâldbloedige bisten binne fisken, reptilen, amfibyen en lidpoatigen.
Neiere beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De termen "kâldbloedigens" en "waarmbloedigens" waarden yn it ferline as absolute tsjinstelden sjoen, mar ûnderwilens is dúdlik wurden dat dat net sa is. Poer wittenskiplik hawwe de beide termen op 't heden net folle wearde mear, om't der ferskate foarmen fan kâldbloedigens blike te wêzen. Dy komme foar in diel ek foar by (guon) waarmbloedige bisten, mei't de beide kategoryen inoar oerlaapje. De ferskillende manearen om 'e eigen lichemstemperatuer te regeljen, wurde ek wol termoregulaasje neamd.
Foarhinne mienden biologen dat kâldbloedige organismen altyd in lichemstemperatuer hiene dy't gelyk wie oan 'e temperatuer fan harren om-en-by en dat se dêr neat oan feroarje koene útsein troch tapassing fan inkele trúkjes, lykas sinnebaaien. Fan waarmbloedige organismen waard tocht dat dy altyd deselde temperatuer hawwe soene. Mar út ûndersyk is oan it ljocht kommen dat soks lang net altyd striek mei de wurklikheid. Ek beskate waarmbloedige bisten kinne de lichemstemperatuer, en dêrmei harren metabolisme, sterk ferleegje. Dat betsjut dat in protte soarten bisten tusken kâld- en waarmbloedigens yn falle.
In bekende groep bisten dêr't lange tiid fan oannommen waard dat se strikt kâldbloedich wiene, binne de dinosauriërs. Tsjintwurdich binne der oanwizings dat dy bisten eins waarmbloedige trekjes fertoanden, wat laat hat ta oare ynsichten. Mar de dinosauriërs wiene wierskynlik in gefal apart, mei't harren mânske lichemsgrutte der mooglik foar soarge dat se yn ferhâlding ta lytsere bisten minder waarmte ferlearen.
In protte kâldbloedige bisten hawwe as skaaimerk dat se in fluggere libbenssyklus trochmeitsje en dêrom by deselde temperatuer koarter libje as waarmbloedige bisten. Oan 'e oare kant kinne guon, fral gruttere kâldbloedigen troch harren folle leger metabolisme krekt langer libje as waarmbloedige organismen (tink bgl. oan lânskyldpodden). Ek binne by kâldbloedigen enerzjyfrettende oanpassings of organen, lykas harsens en wjukkenm faak minder ûntwikkele of hielendal ôfwêzich.

Types fan kâldbloedigens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Der wurde tsjintwurdich seis ûnderskate foarmen fan kâld- en waarmbloedigens erkend, dy't inoar gauris oerlaapje, sadat organismen ta mear as ien kategory hearre kinne:
- Ektotermy (fan it Grykske ekto, "bûten" en therme, "waarmte") is in eigenskip fan alle organismen dy't yn prinsipe harren eigen lichemstemperatuer net regulearje kinne, mar eksterne ynfloeden brûke om op te waarmjen en ôf te kuoljen. Foarbylden fan ektotermen binne reptilen, lykas skyldpodden en hagedissen, mar ek in protte soarten ynsekten. Troch te sinnebaaien wurde se net allinnich waarmer, mar ek folle alerter en flugger, sadat se better jeie kinne, as it rôfdieren binne, of flechtsje, om oan rôfdieren te ûntkommen. As se té waarm wurde, sykje se it wetter of it skaad op. Ek in protte fisken hawwe wikseljende temperatueren, dy't leger binne neigeraden dat soarten djipper yn it wetter libje. It tsjinstelde fan ektotermy is endotermy (fan endo, "binnen", en "therme", "waarmte"). Endotermen binne bisten dy't de lichemstemperatuer oanpasse kinne troch bygelyks spieren te bewegen of flugger te sykheljen (hymjen).
- Poikilotermy (fan it Grykske poikilos, "bûnt" of "wikseljend" en therme, "waarmte") is in eigenskip fan organismen dy't in lichemstemperatuer hawwe dy't alhiel ôfhinget fan harren om-en-by. Dit slút it bêste oan by it klassike byld fan kâldbloedigens. Foarbylden fan poikilotermen binne amfibyen dy't yn it wetter libje, dêr't se it dwaan moatte mei de wettertemperatuer. De measte soarten hawwe wol in ideäle temperatuer wêrby't se it bêste funksjonearje, wylst se minder goed funksjonearje as de omjouwingstemperatuer wat te heech of te leech is. Dy ideäle temperatuer is foar eltse soarte ferskillend. Sa binne der salamanders wêrfoar't de optimale temperatuer 20 °C is, en oaren wêrfoar't de optimale temperatuer 10 °C is. As yndividuën fan sokke soarten funksjonearje moatte soene by de ideäle temperatuer fan 'e oare soarte, dan soene se net lang libje. De mei poikilotermy korrespondearjende foarm fan waarmbloedigens is homeotermy (fan it Grykske homoios, "gelikens", en therme, "waarmte"). Dat is in eigenskip fan organismen, lykas de minske, dy't altyd deselde lichemstemperatuer hawwe en foar wa't sels in relatyf lytse ôfwiking al grutte (ûnoangename) gefolgen hawwe kin.
- By bradymetabolisme hat in organisme in gewoan funksjonearjend metabolisme as it aktyf is by in temperatuer fan it om-en-by dy't normaal is foar it oangeande organisme. Mar in as de temperatuer fan it om-en-by al te drastysk omheech of omleech giet, rekket it organisme yn 'e rêst en giet it metabolisme sterk omleech. Sokke bisten kenne in wintersliep, lykas kikkerts of guon lânskyldpodden, of in simmersliep, lykas húskeslakken of beskate soarten yn 'e woastyn libjende kjifdieren. It tsjinstelde, tachymetabolisme, komt foar by waarmbloedigen dy't yn 'e rêst de lichemstemperatuer mar skraachoan omleech bringe en dêrtroch mear enerzjy ferbrûke.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |