Just Another Heartache
Just Another Heartache | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Chely Wright | |
album | Let Me In | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | countrymuzyk | |
útbrocht | 29 novimber 1997 | |
doer | 2:41 | |
label | MCA Nashville | |
skriuwer | Ed Hill en Mark D. Sanders | |
komponist | Ed Hill en Mark D. Sanders | |
produsint | Tony Brown | |
resultaten | ||
hitlisten | nû. 39 yn de Feriene Steaten nû. 51 yn Kanada |
Just Another Heartache is in liet fan 'e Amerikaanske sjongster Chely Wright. It heart ta it sjenre fan 'e countrymuzyk.
Produksje
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Just Another Heartache waard skreaun en komponearre troch Ed Hill en Mark D. Sanders, en produsearre troch Tony Brown foar platemaatskippij MCA Nashville. It waard op 29 novimber 1997 útbrocht as de twadde single fan it album Let Me In, nei Shut Up and Drive (1997) en foàr I Already Do (1998).
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Just Another Heartache, dat "neat oars as nij leafdesfertriet" betsjut, hat in doer fan 2:41 minuten en is skreaun yn it ik-perspektyf. De sjongster fertelt dat se in nije freon hat en hopet dat dit de wiere Jakob is. Hja hat lykwols al tefolle teloarstellings op it mêd fan 'e leafde meimakke, en is dêrfandinne skruten om der fol foar te gean. Yn it refrein sjongt se dat se út alle macht hopet dat it net wèr neat oars as nij leafdesfertriet wurde sil.
Hitlisten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn 'e Feriene Steaten berikte Just Another Heartache it 39e plak yn 'e countryhitlisten. Yn Kanada kaam it net fierder as it 51e plak.
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |