Grant & Forsyth

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Julie Forsyth)
Grant & Forsyth
band
Grant & Forsyth by in optreden yn 2013.
Grant & Forsyth by in optreden yn 2013.
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Ingelsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre country
webside www.grantandforsyth.com
besetting
leden Dominic Grant
Julie Forsyth

Grant & Forsyth wie in Ingelsk sjongduo, dat bestie út it troud pear Dominic Grant en Julie Forsyth. Allebeide wiene dy yn 'e 1970-er en iere 1980-er jierren lid fan 'e súksesfolle popgroep Guys 'n' Dolls. Nei't dy band yn 1985 útinoar foel, rjochten Grant en Forsyth harren duo op. Se makken fral countrymuzyk en countrypop.

Leden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Grant en Forsyth kamen mei-inoar yn 'e kunde doe't se fan 1974 ôf lid wiene fan 'e fjouwerkoppige popformaasje Guys 'n' Dolls. Dat wie in band dy't benammen yn 'e 1970-er jierren súkses hie mei nûmers as There's a Whole Lot of Loving (1975), You Don't Have to Say You Love Me (1976) en You're My World (1977). Grant en Forsyth krigen yn dy tiid in relaasje dy't letter útgroeide ta in houlik. Grant stie yn 1982 njonken syn lidmaatskip fan 'e Guys 'n' Dolls ek solo yn 'e Nederlânske hitlisten, mei it nûmer I Won't Let Me Down.

Doe't de Guys 'n' Dolls yn 1985 útinoar foelen, setten Grant en Forsyth harren karriêre as sjongers tegearre fuort. Se songen benammen countrymuzyk en ferhuzen koarte tiid letter nei Nederlân, dêr't se harren grutste súkses hiene. Se behellen trije kear in gouden plaat, mei Country Love Songs (1990), Country Love Songs 2 (1991) en More Country Love Songs (1993), en ien kear in platina plaat, mei Country Love Songs 3 (1992). Yn 1988 behellen se harren heechste plak yn 'e Nederlânske Top 40 mei The Sun Ain't Gonna Shine Anymore, in cover fan in nûmer fan Frankie Valli, dat it 15e plak berikte. Yn 'e folgjende jierren stiene se noch fiif kear yn 'e Top 40.

Forsyth skreau en komponearre njonken har sjongkarriêre ek lieten foar oare artysten. De Skotske sjonger Scott Fitzgerald berikte mei it troch har makke nûmer Go yn 1988 it twadde plak op it Eurofyzjesongfestival efter winneresse Céline Dion , dy't foar Switserlân útkaam mei it liet Ne Partez Pas sans Moi. Grant en Forsyth fersoargen foar Fitzgerald, yn 'e mande mei Des Dyer fan Jigsaw, ek de eftergrûnsang. Yn 2011 fierden Grant & Forsyth feestlik harren fiifentweintichjierrich jubileum. Yn sawol 2013 as 2017 wurken se yn 'e mande mei harren dochter Sophie mei oan it konsert fan 'e Toppers yn 'e Amsterdam Arena.

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

studio-albums
  • 1990 – Country Love Songs (goud)
  • 1990 – Country Christmas
  • 1991 – Country Love Songs 2 (goud)
  • 1992 – Country Love Songs 3 (platina)
  • 1993 – More Country Love Songs (goud)
  • 1994 – Warm Feeling
  • 1995 – In Between Dances
  • 1997 – True Love Songs
  • 1998 – Let's Dance
  • 2001 – New Country Love Songs
kompilaasje-albums
  • 1996 – Grant & Forsyth: Hun Grootste Successen
  • 2004 – Grant & Forsyth: The Platinum Country Collection
  • 2005 – Most Beautiful Country Love Songs

Singles[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

mei in notearring yn 'e Nederlânske Top 40
  • 1988 – nû. 15: The Sun Ain't Gonna Shine Anymore (B-kant: Be My Baby)
  • 1988 – nû. 33: Anything for You
  • 1990 – nû. 29: Somewhere Between
  • 1990 – nû. 32: To Know You Is to Love You
  • 1990 – nû. 31: The Greatest Gift of All
  • 1992 – nû. 30: Turning Over New Leaves
oare singles
  • 1986 – Take Care of Our Children (Don’t Drive Drunk)
  • 1986 – You Make Me so Happy
  • 1986 – (Don’t Stay) For the Sake of the Children
  • 1986 – You’ve Lost That Loving Feeling
  • 1987 – I Want You
  • 1989 – Touch the Moon
  • 1991 – Stay
  • 1991 – Medley
  • 1992 – I Believe
  • 1993 – Driving My Life Away
  • 1993 – Lay Back in the Arms of Someone
  • 1994 – Queen of Hearts / Once Upon a Time in the West
  • 1994 – Storybook Children
  • 1995 – Mi vida loca (My Crazy Life)
  • 1995 – Standing on the Edge of Goodbye
  • 1997 – Love on the Rocks
  • 2001 – Amazed
  • 2001 – Goodbye My Love
  • 2008 – Love Grows (Where My Rosemary Goes)
  • 2013 – Anyone Who Had a Heart

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.