Julia Dietze

Ut Wikipedy
Julia Dietze
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Julia Dietze
nasjonaliteit Dútsk
berne 9 jannewaris 1981
berteplak Marseille (Frankryk)
etnisiteit Dútsk
Frânsk
jierren aktyf 2001 – no
offisjele webside
www.juliadietze.de

Julia Dietze (Marseille, 9 jannewaris 1981) is in Dútsk aktrise fan mingd Dútsk-Frânsk etnysk komôf.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dietze waard yn 1981 yn it Frânske Marseille berne as de dochter fan 'e Dútske keunstner, yllustrator en skilder Matthias Dietze. Har mem is in Fransêze út Marseille. Dietze hat twa jongere susters, mei wa't se opgroeide yn it Beierske München.

Yn 2001 makke Dietze har debút as filmaktrise yn Fickende Fische, fan regisseur Almut Getto. Oare iere rollen hie se yn Soloalbum, fan Gregor Schnitzler (2003), Was Nützt die Liebe in Gedanken, fan Achim von Borries (2004), en yn ferskate tillefyzjefilms, lykas Ghetto Kids, Echte Männer? en Die Stimmen. Har earste haadrol op 'e tillefyzje hie se yn Mädchen Nr. 1, ûnder rezjy fan Stefan Holtz.

Yn 2012 krige Dietze foar it earst bekendheid bûten Dútslân troch har haadrol yn 'e Amerikaanske science fiction-komeedzje Iron Sky, fan 'e Finske regisseur Timo Vuorensola. Dêryn wurdt ferteld hoe't oan 'e ein fan 'e Twadde Wrâldoarloch in groep nazys mei in romteskip ûntkaam nei de tsjustere kant fan 'e moanne. As in swarte Amerikaanske romtefarder harren dêr ûntdekt, beslute se dat it tiid wurdt om werom te kearen en de ierde te feroverjen.

Dietze spilet yn dizze film de mei nazy-ideologyen yndoktrinearre dochter fan in nazy-wittenskipper, dy't as fersteklik meireizget mei de earste ferkenningsmissy nei de (moderne) ierde en dêr fan 'e iene fernuvering yn 'e oare falt. In ferfolch op dizze film wie pland foar 2016, yntusken foar 2018, mei as titel Iron Sky: The Coming Race.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.