Jules Verreaux


Jules Pierre Verreaux (Parys, 24 augustus 1807 – dêre, 6 septimber 1873) wie in Frânske natuerûndersiker, foaral aktyf as plantkundige en ornitolooch.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Verreaux wurke foar it famyljebedriuw Maison Verreaux, oprjochte yn 1803 troch syn heit, Jacques Philippe Verreaux, oan de Place des Vosges yn Parys. Dit wie it earste bekende bedriuw dat yn natuerhistoaryske foarwerpen hannele. It bedriuw finansiere kolleksje-ekspedysjes nei ferskate parten fan de wrâld. Maison Verreaux ferkocht in soad eksimplaren oan it Muséum National d' Histoire Naturelle om oan de kolleksjes ta te heakjen.

Yn 1830 wie Verreaux op in reis yn it Botswana fan no tsjûge fan de begraffenis fan in Tswana-kriger. Verreaux gie nachts werom nei it begraafplak om it lichem fan de Afrikaan op te dollen dêr't er de hûd, de holleplasse en in pear bonken fûn. Verreaux woe it lichem weromstjoere nei Frankryk en preparearre en konservearre it lyk fan de Afrikaanske kriger troch metaaltried te brûken as rêchbonke, houten planken as skouderblêden en krantepapier as opfolmateriaal. Dêrnei ferfierde er it lichem nei Parys, tegearre mei in partij opsette bisten yn kratten. Yn 1831 ferskynde it lichem fan de Afrikaan yn in showroom op nr. 3, Rue Saint Fiacre. Hy waard letter bekend as de 'Neger fan Banyoles', nei't er oankocht wie troch Francesc Darder, dy't him útstalde op de Wrâldtentoanstelling fan Barcelona yn 1888 en him letter nei it Darder Museum yn Banyoles, Kataloanië, ferhuze. Earst yn de jierren 1990, nei in kampanje op inisjatyf fan Dr. Alphonse Arcelin, waard it mummifisearre lyk werombrocht en beïerdige yn Botswana.
Verreaux reizge yn 1842 nei Australië om planten te sammeljen. Hy gie yn 1851 werom nei Frankryk mei in natuerhistoaryske kolleksje dy't nei't sein waard 15.000 items befette.
Yn 1864 naam er Florent Prévost (1794–1870) oer as assistint-natuerûndersiker yn it Paryske museum. Op de Exposition Universelle dy’t yn 1867 yn Parys hâlden waard, liet Verreaux de taksydermygroep 'Liuw dy't in dromedaris oanfalt' sjen.
Verreaux wurke ek yn Sina en Súd-Afrika, dêr't er Andrew Smith holp by it oprjochtsjen fan it Súd-Afrikaanske Museum yn Kaapstêd yn 1825.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|