Springe nei ynhâld

Jukwerd

Ut Wikipedy
Jukwerd
Tsjerke fan Jukwerd
Tsjerke fan Jukwerd
Bestjoer
Lân Nederlân
Provinsje Grinslân
Gemeente Iemsdelta
Sifers
Ynwennertal25 (1 jannewaris 2025) [1]
Oar
TiidsôneUTC +1
SimmertiidUTC +2
Koördinaten53° 20' N 6° 51' E
Offisjele webside
Side stêd Appingedam
Kaart
Jukwerd (Grinslân)
Jukwerd
Kaart
Tsjerke fan Jukwerd
Jukwerd op in kaart fan 'e eardere gemeente Appingedam om 1865 hinne

Jukwerd (Grinslânsk: Jukkerd) is in lyts terpdoarp yn 'e gemeente iemsdelta yn 'e provinsje Grinslân. It doarp leit likernôch ien kilometer noardlik fan 'e stêd Appingedam tusken twa maren yn: de Grutte en Lytse Heekt. Jukwerd hie op 1 jannewaris 2025 25 ynwenners.

It plak waard yn 1208 foar it earst neamd as Iucawerth, yn 1246 as Juckwart yn 1464 to Jukawert, yn 1583 Jukwert en yn 1646 as 't Jockwert. De namme komt fan it Aldfryske wart/wert (terp) fan de persoan Jukke, ferlykje de namme fan it laach Jukkema.[2]

Op 'e terp, yn Grinslân in wierde neamd, stiet de tsjerke fan Jukwerd. Dy sealtsjerke mei dakruter waard yn 1866 boud as opfolger fan in brekfallich tsjerkje fan 1435. De tsjerke, lykas de pastorij, in gemeentlik monumint, wurdt lykwols net mear as tsjerke brûkt, mar wurdt sûnt 1981 bewenne en as atelier brûkt troch byldzjende keunstners, dy't der ek kursussen jouwe.

Foar de tsjerke oer hat ea de boarch Hettema(heerd) stien. By de Grutte Heekt del stiene eartiids in stikmannich stienbakkerijen. De swiere seeklaai, ek wol knipklaai neamd, yn 'e omkriten wie dreech te bewurkjen, mar wie lykwols tige gaadlik foar it bakken fan bakstien en dakpannen. Nei't de laach knipklaai fuorthelle wie, en yn 'e fabryk ferwurke waard, waard it oerbliuwende grûn gaadlik foar de lânbou makke.

Justjes noardlik fan it doarp, yn 'e rjochting fan Krewerd, hat yn 'e midsiuwen in kleaster stien. It frouljuskleaster, mei de namme Roazekamp, hearde ta de oarder fan de premonstratinzers. Fan it kleaster is hjoed-de-dei gjin spoar mear fan werom te finen, dochst hiet it plak noch hieltyd Nijenklooster. Op dat plak leit yn it midden fan it lân noch in terp mei in dobbe.


Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ CBS
  2. ↑ G. van Berkel en K. Samplonius: Nederlandse plaatsnamen verklaard, 2018 yn etymologiebank.nl, stekwurd: "Jukwerd"
Iemsdelta
Stêden:
Appingedam • Delfsyl
Doarpen:
Bierum • Borgsweer • Eenum • Farmsum • Garrelsweer • Garsthuizen • Godlinze • Holwierde • Huizinge • Krewerd • Leermens • Loppersum • Losdorp • Medhuizen • Middelstum • Oosterwijtwerd • Opwierde • Seeryp • Syldyk • Solwerd • Spijk • Startenhuizen (foar in part) • Stedum • Termunten • Termunterzijl • Tjamsweer • Toornwerd • Uitwierde • Wagenborgen • Westeremden • Westerwijtwerd • Winneweer (foar in part) • Wirdum • Woldendorp • 't Zandt
Buorskippen & útbuorrens:
Amsweer • Arwerd • Baamsum • Biessum • Binnen Ae • Boerdam • Dallingeweer • Dekkershuizen • Dijkum • Eekwerd • Eekwerderdraai • Eelshuis • Fiemel • Fraamklap • Garreweer • Garsthuizervoorwerk • Geefsmeer • De Heemen • Hoeksmeer • Hoogwatum • Jukwerd • Kolhof • Kopaf • Krangeweer • Ideweer • Lalleweer • Langerijp • Laskwerd • Lesterhuis • Lutjerijp • Marsum • Merum • Nansum • Nienhuis • Nieuwstad • Nooitgedacht • Oldenklooster • Oling • Opmeeden • De Palen • Polen (foar in part) • Rodeschool • Schaapbulten • Stork • Terhorn • Tweehuizen • Uiteinde • Vierburen • Vierhuizen • Wirdumerdraai • 't Zandstervoorwerk • Zomerdijk
Eardere plakken:
Heveskes • Naterij • Oterdum • Reide • Weiwerd
· · Berjocht bewurkje