Springe nei ynhâld

Jufferkraanfûgel

Ut Wikipedy
jufferkraanfûgel
taksonomy
rykdieren (Animalia)
stammerêchstringdieren (Chordata)
klassefûgels (Aves)
skiftkraanfûgeleftigen (Gruiformes)
famyljekraanfûgels (Gruidae)
skaaijufferkraanfûgels (Anthropoides)
soarte
Anthropoides virgo
Linneus, 1758
IUCN-status:
ferspriedingsgebiet

De jufferkraanfûgel (Anthropoides virgo) is in fûgel út de famylje kraanfûgels (Gruidae). It is ien fan 'e twa soarten yn it skaai jufferkraanfûgels (Anthropoides). Guon taksonomen sette de jufferkraan mei de oare soarte fan dat skaai yn it skaai Grus.

Tradisjoneel wurdt de jufferkraan tegearre mei de blauwe kraan yn it skaai Anthropoides set. Neffens DNA-ûndersyk soenen de twa soarten yn it skaai Grus thúshearre, mar dêr is gjin ienriedigens oer en wylst guon taksonomen útstelden om Anthropoides wer mei Grus gear te foegjen, keazen Clements et al. yn 2019 om se yn Anthropoides te hâlden en Grus op te splitsen yn trije skaaien: Grus, Leucogeranus en Antigone. De measte moderne systemen (IUCN, BirdLife) behannelje de Anthropoides apart as in lytse, dúdlik te ûnderskieden line.

Kop.

Jufferkraanfûgels binne folle lytser as gewoane kraanfûgels (Grus grus) en de soarte ûnderskiedt him ek troch syn lange wite earplommen en langwerpige swarte boarstfearren. De elegante fûgel is fierder griis mei efter grize plommen mei swarte einen.

Hy hat in lingte fan 90-100 sintimeter en in spanwiidte fan 165-185 sintimeter. Jonge fûgels binne griis op 'e kop en nekke en hawwe lytsere, grize earplommen.

Jufferkranen binne trekfûgels dy't yn Sintraal-Euraazje fan 'e Swarte See oant Mongoalje en noardeastlik Sina op drûge grûn yn iepen flakten en op hege plato's briede. In isolearre populaasje komt ek foar yn Turkije en oant koartlyn yn it Atlasberchtme fan noardwest-Afrika, dêr't er no útstoarn is. Yn 'e winter migrearret er nei it Yndiaaske subkontinent en súd fan 'e Sahara fan 'e Tsjaadmar oant Etioopje, dêr't er op greidlân, sompen en fjilden sjoen wurdt. De fûgel wurdt ek geregeldwei op Syprus waarnommen.

Hâlden en dragen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De soarte briedt yn 'e maitiid, benammen fan april oant maaie, mar yn it noarden noch oant let yn juny. It nêst is tige spartaansk, mei twa aaien dy't fuort op 'e grûn lein wurde, mei somtiden wat stientjes en plantemateriaal. De aaien wurde yn 27-29 dagen útbret en de jongen fleane nei 55-65 dagen út.

De jufferkraanfûgel yt benammen sied en oar plantemateriaal en yn 'e simmer ek ynsekten (benammen krobben) en wjirms, hagedissen en lytse wringedieren. Grutte kloften foerazjearje op ikkers en kinne skea oan it gewaaks bringe.

Jufferkranen yn Rajastan, Yndia.

De soarte hat in grut ferspriedingsgebiet en in grutte populaasje en der oannommen dat de populaasje fierder groeit, al binne der regionale ferskillen en binne der ek stabile of ôfnimmende populaasjes. In wichtich wintergebiet foarmje de omkriten fan Khichan, in doarp yn it Phalodi distrikt fan Rajasthan mei tsientûzenen oerwinterjende jufferkranen. Dêr is bygelyks waarnommen dat de oantallen tanimme.[1] Dêrfandinne wurdt de fûgel troch de IUCN as net bedrige (Least Concern, 2018) klassifisearre. De wrâldpopulaasje wurdt op 230.000–261.000 fûgels rûsd. Europa telt nei alle gedachten 9.700–13.300 breidpearen.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: