Judikje Simons
Judikje Simons | ||
![]() | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Judikje Simons | |
nasjonaliteit | ![]() | |
bertedatum | 20 augustus 1904 | |
berteplak | De Haach | |
stjerdatum | 20 maart 1943 | |
stjerplak | Sobibór ![]() | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Turnen | |
O.S. | Amsterdam 1928 | |
wichtige prestaasjes | ||
![]() |
Judikje Simons (De Haach, 20 augustus 1904 - Sobibór, Poalen, 20 maart 1943) wie in Nederlânsk turnster.
Sy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Sy waard yn Amsterdam Olympysk kampioene, mei it Nederlânske team op de mearkamp. It wie de earste kear dat it turnjen foar froulju op it Olympyske programma stie.
Simons boaske yn 1935 mei Bernard Themans. It pear wenne yn it Centraal Israëlitisch Weeshuis oan de Nieuwegracht yn Utert, dêr't se 'heit en mem' fan de weesbern wiene.
Yn de Twadde Wrâldkriich waarden hja mei harren twa bern deportearre nei it ferneatigingskamp Sobibór en dêr fuortendaliks nei oankomst op 20 maart 1943 fermoarde. (Judikje Simons ferstoar yn de âldens fan 38 jier). Tagelyk mei de húshâlding Themans, waarden ek alle (sa'n santich) bern en it folsleine personiel fan it weeshûs fuortfierd. Mar in pear bern oerlibben de kriich.
Resultaten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Olympyske Simmerspullen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jier | Plak | Resultaten |
---|---|---|
1928 | ![]() Amsterdam |
![]() |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|