Jouster Feartsje

Ut Wikipedy

It Jouster Feartsje is in feart yn de gemeente Súdwest-Fryslân en foarme foar de gemeentlike werydieling de grins fan de gemeentes Wymbritseradiel en Skarsterlân. De feart rint troch de Grutte Griene oan de Snitser Mar. Op healwei stiet de feart fuort yn ferbining mei de Snitser Mar: de Gossepeallen.

It Jouster Feartsje rint fan de Goaiïngarypster Puollen by de Gudzekop nei it noardwesten en komt út op de grins fan Modderige Geau en it Krúswetter.

Yn de sleat lizze simmerdeis altyd in soad boatsjes yn de lijte fan de wâl by de Snitser Mar.

De namme Jouster Feartsje jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Joustervaart.