Springe nei ynhâld

Josephine Ouellet

Ut Wikipedy

Josephine (Jo) Ouellet (Quebec, 11 jannewaris 1923 - dêre, 8 juny 1997) wie in Frânsk-Kanadeeske skriuwster en puzelmakker.

Jo wie de dochter fan senator Josie (Dinan) Quart en Harry Stephen (Harry) Quart, nei wa’t de St. Stephen's Elementary School en St. Stephen's Chapel yn Sillery neamd binne. Hja waard Josephine doopt, mar elts neamde har Tootsie en professioneel Jo.

Har earste grutte ûndernimming wie it skriuwen en publisearjen fan tydskrift The Quebecker, in toeristysk blêd dat yn de keamers fan Château Frontenac en oare hotels dellein waard. Letter waard de namme feroare yn Voilà Québec. Ouellet wie de redakteur fan En Route, it inflight magazine fan Air Canada. Se skreau taspraken foar politisy. Se skreau in boek oer it Château Frontenac en oer de skiednis fan it Jeffery Hale Hospital. Har boek mei de titel Instant French wie bedoeld foar toeristen.

As puzelûntwerpster betocht se de earste tematyske wurdsiker dy’t yn 1969 ferskynde. [1] Har grutste erfenis wie it opsetten fan Wonderword, dat al jierren yn mear as 200 kranten syndisearre wurdt. Wonderword is in Ingelske wurdsiker, de earste dy’t tematysk opboud is wêrby’t de oerbliuwende letters mei elkoar in koadewurd foarmje, it ‘wonderword’. In oar ferskil mei eardere wurdsikers wie dat Wonderworld eltse letter fan it letterfjild brûkte.[2] Wonderword waard yn 1970 foar it earst syndisearre yn Edmonton en Montreal. Sûnt 1980 hat Universal Press Syndicate fan Kansas City de syndikaasjerjochten. Wonderword ferskynt yn mear as 225 kranten yn Noard-Amearika.

Har wurk waard letter fuortset troch har soan, David Ouellet, dy’t sûnt 1980 belutsen rekke by it meitsjen fan de puzels en yn 1984 de lieding oernaam. Hja makke fierder ek in wurdsiker mei de namme ‘’Chronogram’’ foar de Quebec Chronicle-Telegraph.

Oare aktiviteiten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Se siet yn in soad kommisjes, wêrûnder de lokale âlderferienging, dêr’t se keazen waard as vicefoarsitter, in funksje dy’t earder ynfold waard troch manlju.

As frijwilliger skreau se in twatalige ferzje fan it Kanadeeske folsliet O Canada. Hja sette lietsjes oer nei it Ingelsk foar sjongers as Gilles Vigneault en Robert Charlebois. Dêrneist skreau se teksten foar advertearders fan de lokale televyzjestjoerder.

Bibliografy (seleksje)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. ↑ Hoe is de Woordzoeker ontstaan?, www.puzzelclub.be
  2. ↑ A Wonderful celebration, 13 april 1980