Springe nei ynhâld

Joseph Wolf

Ut Wikipedy
Joseph Wolf
persoanlike bysûnderheden
echte namme Josef Mathias Wolf
nasjonaliteit Dútsk
berne 22 jannewaris 1820
berteplak Mörz
stoarn 20 april 1899
stjerplak Londen
wurkpaad
berop/amt litograaf, skilder, tekener

Joseph Wolf (1820–1899) wie in Dútske keunstner dy't bekend waard as ien fan 'e bêste skilders fan bisten fan 'e 19e iuw. Hy waard op 22 jannewaris 1820 as boeresoan yn it doarpke Mörz berne, dat no ûnderdiel is fan Münstermaifeld yn 'e Dútske Eifel. Hy stoar op 20 april 1899 yn Londen.

Libben en stúdzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Bertehûs fan Joseph Wolf yn Mörz.

As bern hie Wolf al in grut talint as tekener en skilder en hy sette al as jongkeardel yn syn heitelân Dútslân mei syn karriêre útein. Syn earste profesjonele ûnderfining die er yn 'e âldens fan 16 jier op by de stienprinterij fan 'e Bruorren Becker yn Koblenz, dêr't er sjen liet dat er in útsûnderlik goed each foar detail en foarm hie. Syn grutste ûntwikkeling kaam ûnder de ynfloed fan naturalistyske keunst en wittenskiplike yllustraasjes.

Wolf kaam yn Frankfurt am Main yn kontakt mei Eduard Rüppell (1794–1884), dy't doe krekt út Afrika werom wie en in yllustrator socht foar syn wurk oer de fûgels fan Noardeast-Afrika. Rüpell wie optein oer it wurk dat Wolf levere en brocht him yn 'e kunde mei Johann Jakob Kaup (1803–1873), de direkteur fan it Gruthartochlik Naturaliënkabinet yn Darmstadt. Dêr krige Wolf keunstûnderrjocht fan 'e Akademydirekteur Carl Ludwig Seeger (1808–1866), wylst er syn jild noch as litograaf fertsjinne. Op oanrikkemandaasje fan Kaup krige Wolf syn earste opdracht om yllustraasjes te meitsjen foar de ornitolooch Hermann Schlegel (1804–1884), dy 't doe konservator fan it Ryksmuseum foar Natoerskiednis yn Leien wie. Nei't dy opdrachten alle ferwachtingen te boppe gyngen, krige Wolf fan Schlegel de opdracht om wurk te meitsjen foar syn yn 1845 publisearre boek "Traité de Fauconnerie", it grutste en meast yndrukwekkende boek oer falkfûgels dat ea makke wie.

Plaat fan falco rusticolus út "Traité de Fauconnerie".

Yntusken hie de noch jonge Wolf mei syn wurk ek namme krige yn Londen, it doetiidske sintrum fan 'e natoerskiednis. Yn 'e hjerst fan 1847 waard er troch de soölooch David William Mitchell (1794–1859) frege om nei Londen kommen om mei te wurkjen oan "Genera of Birds" fan George Robert Gray (1808–1872). Op 20 maart 1848 reizge Wolf mei de "Soho" nei Ingelân, dêr't er yn in koart skoftsje tiid de wichtichste diereskilder fan syn tiid waard.

Njonken wittenskiplike yllustraasjes makke Wolf ek in grut tal skilderijen, dy't yn iepenbiere en partikuliere keunstkolleksjes te finen binne, Alhoewol't Wolf de bannen mei Dútslân oanhold en ek ferskillende kearen nei de Heimat werom reizge, rekke er thús yn it ferjitnis.

Yn it ramt fan syn 100e stjerdei waard in langferwachte oersichtsútstalling taret, dy't op 29 juny 2000 yn it Biohistoricum yn Neuburg an der Donau iepene waard. Dêrnei ferhûze de útstalling nei it Hessische Landesmuseum yn Darmstadt, it Natuerhistoarysk Museum (Naturalis) yn Leien en it Natural History Museum yn Londen.

Wolf spile in grutte rol yn it popularisearjen fan natuerwittenskip ûnder it brede publyk troch syn kombinaasje fan artistyk fakmanskip en biologyske krektens. Hy wurdt faak as de belangrykste diereskilder fan 'e 19e iuw beskôge en Charles Darwin sei oer him: "Wolf is by far the best all-round animal artist who ever lived."

De styl fan Wolf stie bekend om syn krekte werjefte, de dynamyske komposysjes en de jefte om de psychologyske yntinsiteit fan 'e bisten ôf te byldzjen.

Yllustraasjes (seleksje)

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Joseph Wolf