Joseph Franz von Jacquin
| Joseph Franz von Jacquin | ||
| Joseph Franz Freiherr von Jacquin Litografy fan Joseph Kriehuber 1830 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| berne | 7 febrewaris 1766 | |
| stoarn | 26 oktober 1839 | |
| wurkpaad | ||
| berop/amt | dokter, skiekundige, botanikus, heechlearaar. | |
Franz Joseph Freiherr von Jacquin ek wol bekend as Baron von Joseph Jacquin (Schemnitz (no Banská Štiavnica yn Slowakije), 7 febrewaris 1766 - Wenen, 26 oktober 1839) wie in Eastenrykske dokter, skiekundige en botanikus. Syn offisjele botanyske auteursôfkoarting is J.Jacq.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hy kaam al op tige jonge jierren mei de natuerwittenskippen yn 'e kunde troch syn heit, skiekundige en plantkundige Nikolaus Joseph von Jacquin. Hy studearre genêskunde yn Wenen, dêr't er yn 1788 promovearre. Tusken 1788 en 1791 ûndernaam er, yn opdracht fan keizer Joazef II, in ûndersyksreis nei Dútslân, Frankryk en Ingelân. Yn Ingelân moete er Joseph Banks, William Herschel, Jonas Dryander, Antoine Jussieu, Lavoisier en Vauquelin.
Neffens de doetiidske gewoante folge er syn heit op as heechlearaar plantkunde en skiekunde oan de Universiteit fan Wenen; dy funksje beklaaide er fan 1797 oant syn pinsjoenearring yn 1838. Yn 1834 droech keizer Frans him it tafersjoch op oer de Keizerlike Tún by it Belvedere-paleis, dy't oanlein wie foar Eastenrykske floara. Yn 1820 krige er de titel fan Regierungsrat en yn 1838 waard him it Ridderkrús fan de Oarder fan Sint-Stefanus takend. Hy wie sûnt 1808 korrespondearjend lid fan de Beierske Akademy fan Wittenskippen. Yn 1820 waard er keazen ta lid fan de Dútske Akademy fan Natuerwittenskippers Leopoldina. Yn 1830 waard er earelid fan de Prusyske Akademy fan Wittenskippen.
De famylje Jacquin wie befreone mei Mozart, dy't it Kegelstatt-trio (KV 498) en de pianosonate foar fjouwer hannen (KV 521) komponearre foar Joseph Franz syn suster, Franziska. Foar Jacquin sels skreau Mozart wurken lykas Mente ti lascio, o figlia (KV 513). Jacquin troude mei de doetiids ferneamde amateurpianiste en learlinge fan Mozart, barones Maria Barbara (Babette) von Natorp (1769–1844), mei wa't er in muzykrûnte ûnderhold. It pear krige in dochter: Isabella.
Nei Jacquin ferneamd
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Hoewol't ferskate fûgelsoarten nei him ferneamd waarden, wurde dy no as synonymen beskôge. Sa is Anas jacquini Gmelin. JF, 1788 no in synonym foar de Kubaanske fluitein (Dendrocygna arborea (Linnaeus, 1758)); Falco jacquini Gmelin, J.F., 1788 is in synonym foar de harpij (Harpia harpyja (Linnaeus, 1758); Pipile jacquini Reichenbach, 1862 is in synonym foar de Trinidadblaukielgûan (Pipile pipile (Jacquin, 1784)); en Pipile jacquini Gray, G.R., 1867[5] is in synonym foar de wytkielgûan (Pipile grayi (Pelzeln, 1870)).
Publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Jacquin, J. F. Beyträge zur Geschichte der Vögel. C.F. Wappler, Wenen, 1784.
- Jacquin, J.F. Lehrbuch der allgemeinen und medicinischen Chymie zum Gebrauche seiner Vorlesungen. C.F. Wappler, Wenen, 1798.
- Jacquin, J.F., E. Fenzl & I. Schreibers. Eclogae plantarum rariorum aut minus cognitarum : quas ad vivum descripsit et iconibus coloratis illustravit. A. Strauss, Wenen, 1811–1844.
- Jacquin, J.F., E. Fenzl & I. Schreibers. Eclogae graminum rariorum aut minus cognitarum : quae ad vivum descripsit et iconibus coloratis illustravit. A. Strauss et Sommer, Wenen, 1813–1844.
- Jacquin, J. F. Ueber den Ginkgo, Carl Gerold, Wenen, 1819.
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Joseph Franz von Jacquin fan Wikimedia Commons. |
