Springe nei ynhâld

Joseph Beal Steere

Ut Wikipedy
Joseph Beal Steere (1850)

Joseph Beal Steere (Lenawee County, Michigan, 9 febrewaris 1842 - Ypsilanti, Michigan, 7 desimber 1940) wie in Amerikaanske ornitolooch en heechlearaar.

Steere wie in soan fan William Millhouse en Elizabeth Cleghorn Steere. Syn âlden wiene Quakers. Hy helle in Bachelor of Arts, yn de rjochtsgeleardheid, yn 1868 en in Bachelor of Laws yn 1870 oan de Universiteit fan Michigan, mar hy hie foaral niget oan natuerlike histoarje.

Koart nei it ôfstudearjen makke er in grutte reis om archeologyske, plant- en dierkundige specimens te sammeljen foar it natuerhistoarysk museum fan de universiteit. In neef fan syn mem stipe dy reis. Steere ferbleau oardel jier yn it Amazonegebiet. Dêrnei stuts er de Andes oer en sammele fierder yn Perû. Dêrnei fear er nei Formosa (Sina) dêr't er tusken 1870 en 1873 tahold. Tusken 1874 en 1875 sammele er op de Filipinen en de Molukken. Uteinlik gie er nei fiif jier werom nei Amearika fia it Suezkanaal, Londen en Liverpool. Dêrnei, yn 1879, late er in wittenskiplike ekspedysje nei Brazilië en yn 1887/88 besocht er op'e nij de Filipinen.

Yn 1875 krige er in earedoktoraat fan de Universiteit fan Michigan en wurke dêr tusken 1876 en 1877 as universitêr dosint yn de paleöntology en tusken 1877 en 1879 as dosint paleöntology en soölogy en tusken 1879 en 1881 as heechlearaar yn de soölogy en museumkonservator en tusken 1881 en 1894 as heechlearaar yn de soölogy.

De troch him garre kolleksje telt 20.000 specimens. Steere beskreau 16 nije soarten fûgels sa as de Noardlike sulverdwerchiisfûgel. As earbetoan is in tal fûgelsoarten nei him ferneamd lykas de Steeres pitta (Pitta steerii) [1] en in hagedissesoart, Parvoscincus steerei. [2]

  • Steere, J. B., 1890. A List of Birds and Mammals Collected by the Steere Expedition to the Philippines, with New Species.
  • Steere, J. B., 1903. Narrative of a visit to Indian tribes of the Purus River, Brazil. A. Rept. U. S. natl Mus., Washington, D.C. 1903: 359-393.
  • Steere, J. B., 1927. The archeology of the Amazon. Univ. Michigan off. Publs 29 (9, Pt. 2): 20-26.
  • Steere, J. B., 1949. Tribos do Purus. Sociologia, São Paulo 11 (2): 64-78, 212-222.
  • Marquis, A. N., ed., 1918. Who's who in America. A biographical dictionary of living men and women of the United States. Vol. 10. A. N. Marquis and Co., Chicago. p. 2574.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. (in) Gill, F, D Donsker, and P Rasmussen (Eds). 2023. IOC World Bird List (v 13.1). Doi 10.14344/IOC.ML.13.1. https://www.worldbirdnames.org/
  2. Beolens, Bo; Watkins, Michael; Grayson, Michael (2011). The Eponym Dictionary of Reptiles. Baltimore: Johns Hopkins University Press. xiii + 296 pp. ISBN 978-1-4214-0135-5. ("Steere", s. 251).