Springe nei ynhâld

José Nasazzi

Ut Wikipedy
José Nasazzi Yarza
José Nasazzi
José Nasazzi
persoanlike bysûnderheden
namme José Nasazzi Yarza
bynamme El Gran Mariscal
nasjonaliteit Flagge fan Oerûguay Oerûguayaansk
bertedatum 24 maaie 1901
berteplak Montevideo
stjerdatum 17 juny 1968
stjerplak Montevideo
etnisiteit Italjaansk,
Flagge fan Baskelân Baskysk
profesjonele feriening(s)
seizoen               klup                              wedstr.(goals)
1918-1920
1922-1932
1933-1937
Lito
Bella Vista
Nacional
nasjonaal team
1923-1937 Oerûguay 51(0)
trainer by
1942-1945 Oerûguay

José Nasazzi Yarza (Montevideo, 24 maaie 1901 - Dêre, 17 juny 1968) wie in Oerûguayaansk fuotballer, dy't as spiler fan it Oerûguayaansk fuotbalalvetal, it earste Wrâldkampioenskip wûn.

José Nasazzi wie de soan fan in Italjaanske heit, in migrant út Milaan, en in Baskyske mem en waard berne yn de Oerûguayaanske stêd Montevideo. Hy krige yn syn karriêre de bynamme "El Gran Mariscal" (de grutte maarskalk) en wûn tal fan prizen. De Copa América wûn hy mei syn lân Oerûguay yn 1923, 1924, 1926 en 1935, de Olympyske Spullen yn 1924 en 1928 en it earste wrâldkampioenskip fuotbal fan 1930, dat yn eigen lân hâlden waard. By de Copa América fan 1923 en 1935 waard Nasazzi útroppen ta bêste spiler fan it toernoai.

Yn syn klupkarriêre spile er foar Lito, Bella Vista en Nacional. Mei Nacional waard er yn 1933 en 1934 kampioen fan Oerûguay yn de Primera División.

José Nasazzi ferstoar op 17 juny 1968, yn 'e âldens fan 67 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: