José Leandro Andrade
| José Leandro Andrade | ||
| José Leandro Andrade (1926) | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| namme | José Leandro Andrade | |
| bynamme | La Maravilla Negra | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 22 novimber 1901 | |
| berteplak | Salto | |
| stjerdatum | 5 oktober 1957 | |
| stjerplak | Montevideo | |
| profesjonele feriening(s) seizoen klup wedstr.(goals) | ||
| 1921-1923 1924-1930 1931-1935 1933 1934 1934 | Bella Vista Nacional Peñarol Wanderers | 71(7) 105(29) 88(3) 1(0) 2(0) 17(0) |
| nasjonaal team | ||
| 1923-1930 | 34(1) | |
José Leandro Andrade (Salto, 22 novimber 1901 - Montevideo, 5 oktober 1957) wie in Oerûguayaansk fuotballer, dy't as spiler fan it Oerûguayaansk fuotbalalvetal, it earste Wrâldkampioenskip wûn.
Karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it begjin fan de jierren 1920 tekene Andrade in kontrakt by Bella Vista, dêr't er úteinlik 71 wedstriden spile en 7 doelpunten makke. It wie by Bella Vista dat Andrade foar it earst selektearre waard foar it nasjonale team. Andrade ferkaste letter nei Nacional dêr't er fjouwer kear Oerûguayaansk kampioen waard en trije nasjonale bekers wûn. Yn 1930 ferkaste Andrade nei CA Peñarol, dêr't er 88 wedstriden spile yn de jierren dy't folgen. Andrade hie earder as grutjonge al by de klup meitraind, mar wie doe net oannommen. Fan mids jierren 1930 ôf kaam Andrade út foar Argentynske. Hy spile ek noch in koarte perioade mei Wanderers yn Oerûguay, wêrnei't er syn karriêre beëinige.
Ynterlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Andrade spile tusken 1923 en 1930 34 ynterlân wedstriden foar it Oerûguayaansk fuotbalalvetal, dêr't er in kear yn wist te skoaren. Mei it Oerûguayaansk fuotbalalvetal wûn er twa kear de Olympyske Spullen 1924 en 1928 en oan it ein fan syn karriêre it earste wrâldkampioenskip.
José Andrade ferstoar op 5 oktober 1957, yn 'e âldens fan 55 jier oan de gefolgen fan tuberkuloaze.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
