José Been

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
José Been
Mikrofono.svg tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid
persoanlike bysûnderheden
echte namme José Been
nasjonaliteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
berne 4 febrewaris 1979
berteplak Dalen (Drinte)
etnisiteit Flag of the Netherlands.svg Nederlânsk
reg. identiteit Intersaksische vlagge 3.svg Nedersaksysk
wurkpaad
wurksum as sportferslachjouster
medium tillefyzje
wurksum by Eurosport
jierren aktyf 2011 – no
offisjele webside
www.tourdejosemedia.nl

José Been (Dalen (Drinte), 4 febrewaris 1979) is in Nederlânsk sportferslachjouster fan Drintsk komôf. Hja leit har frijwol útslutend ta op it ferslaan fan hurdfytsen, en is datoangeande wurksum foar de tillefyzjestjoerder Eurosport en foar de webside Cyclingnews. Been is de earste froulike foltiidsferslachjouster fan it manljushurdfytsen yn Jeropa.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Been waard yn 1979 yn it Drintske Dalen berne. Hja groeide dêr op, en die yn har jonkheid in protte oan sport. Been wie fan har sânde ôf benammen aktyf as swimster, en it hichtepunt fan har karriêre datoangeande wie in brûnzen medalje op 'e Drintske provinsjale swimkampioenskippen. Yn 1997 teach se mei achttjin jier nei Amsterdam, dêr't se skiednis, Frânsk en Spaansk studearre oan 'e Universiteit fan Amsterdam. Neitiid bedarre se fia ferskate banen op it mêd fan managementûndersteuning yn 'e hoeke fan 'e marketing en kommunikaasje. Oant 2010 wurke se foar de fersekeringsmaatskippij Achmea.

Op 18 desimber 2008 waard by Been boarstkanker fêststeld, mei as gefolch dat se langere tiid thússiet. Dy tiid brocht hja troch op 'e bank foar de tillefyzje, mei it sjen fan in hiel soad hurdfytsen. Yn 2009 begûn se dêroer oanhâldend te twitterjen, en krige sa'n protte folgers dat se besleat om mei in nij wurkpaad yn 'e sportsjoernalistyk útein te setten. Nei't se genêzen ferklearre wie, rjochte se dêrta in eigen bedriuw op, mei as namme SportLingua. Hurdfytsferslachjouwer Danny Nelissen, dy't har ek op Twitter folge, bewurkmastere yn 2011 dat se in baan krige by de sportstjoerder Eurosport.

Yn 't earstoan wie Been by Eurosport wurksum as nijskommentatrise, mar yn augustus 2012 waard se ynset as live-ferslachjouster by in hurdfytswedstryd. Dat wie sa'n súkses dat se fêst yn dy funksje oansteld waard, en dêrmei is Been yn Jeropa de earste froulike foltiidsferslachjouster fan it manljushurdfytsen. Yn 2012 fersoarge se it kommentaar by de Omgong fan Grut-Brittanje en de Omgong fan Spanje, en yn 2013 die se ek de Parys-Nice, de Omgong fan Kalifornje, de Omgong fan Noarwegen, de Dauphiné Libéré en de Eneco Toer. Yn 2014 fersloech se ek de Omgong fan Baskelân. Yn 2015 wie Been foar it earst ien fan 'e ferslachjouwers dy't kommentaar leveren by de Tour de France, de wichtichste hurdfytswedstryd fan it jier. Datselde die se ek yn 2016, tegearre mei âld-hurdfytsers Karsten Kroon en Michael Boogerd. Begjin dat jier makke se fierders ek ûnderdiel út fan it iennichste Nederlânsktalige kommentaartiim by de Omgong fan Turkije.

Behalven foar Eurosport hat Been ek wurke foar de UCI, om 'e UCI Road Women World Cup yn byld te bringen. Fierders skriuwt se ek artikels foar û.m. de sportwebside Cyclingnews. Har bedriuw SportLingua neamde se per 1 jannewaris 2014 om ta Tour de José Media. 'Tour de José' is Been har Twitternamme, en 'Media' foege se ta om oan te jaan dat se tsjintwurdich mear docht as allinnich skriuwen oer sport. Hja wennet mei har man en hûn yn Vleuten, yn 'e provinsje Utert.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.