Jornsmastate (Wânswert)

Ut Wikipedy

Jornsmastate ek: Goslingastate (Wânswert) lei op in omgrêfte hiem ten súdeasten fan de tsjerke fan Wânswert yn de gemeente Ferwerderadiel. Op it stateterrein stiet no in pleats.

Mooglik wie it yn de Midsiuwen in gewoane pachtpleats. Doe't yn 1491 it doarp har by it ferbûn mei Grins oanslute, machtige it Wybrant Roorda, haadling fan Ginnum foar Wânswert op te treden. Blykber wenne doe gjin haadling mear yn Wânswert sels. Yn 1511 wie Tiepke Goslinga te Hallum eigener fan Jornsma-goed te Wânswert. Tiepke syn soan Ernst erfde Goslingastate yn Hallum; de soan Sypt fêstige him foar 1540/1543 te Wânswert op Jornsmastate, dat sûnttiids meastentiids Goslinga neamd waard. Yn de tsjerke is de monumintale grêfstien út 1561 fan Sypt fan Goslingha en syn frou Perk Zyaerda noch oanwêzich. (Meardere Goslinga's trouden mei leden fan de family Aylva. De Goslinga's te Doanjum stammen ôf fan dy yn Wanswert). Van der Veen wit de erfopfolging te melden fia Feye Sipt syn soan, Hoyte soan fan Feye en dy syn dochter Tieth, dy't Lazarus Foppes fan Grovestins boaske. Hja komt fak foar yn de tsjerkfâdijrekkens en nei har is in brêge lân de Dokkumer Ie neamd. Yn 1679 wennet hja noch op de state. Koart nei 1700 soe dizze ôfbrutsen wêze en ferfongen troch in pleats, dy't yn 1728 eigendom is fan Georg Wolfgang thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg. Yn 1731 wurdt de pleats ferkocht oan Rixt Romkes widdo Dirk Abes. Mei de state wurde ek ferkocht it swannerjocht en it stoelte yn de Wânswerter tsjerke. Letter is de pleats eigendom fan J. Baukes Talsma (1811).

It hûs waard oan it begjin fan de 19e iuw ôfbrutsen. De kaart fan 1718 lit in grut gebou sjen, mids in plantaazje en singels. Yn 1832 herinnere de brede grêft om de pleats noch oan de state. Goslinga te Wanswert liket ta de kategory fan relatyf jonge adelshuzen te hearren, fergelykber mei Pongastate yn Marrum en de Harstastate yn Hegebeintum. Opfallend is by alle trije de huzen it rjochthoekige grêftepatroan en it ûntbrekken fan in twaliddich stinzeterrein mei in ôfsûnderlik omgrêfte stins en in pleats. Yn 1913 is de âlde pleats ôfbrutsen en ferfongen troch in nije pleats. In terrein foar de opstal oer hiet om 1980 noch 'poartfinne'.

Eigeners[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 1511 Tiepke Goslinga
  • 1540, 1543 Sypt fan Goslinga en syn frou Perk fan Sjaerda
  • Feye fan Goslinga
  • Hoyte fan Goslinga
  • 1640 Teth fan Goslinga en har man Lazarus Foppes fan Grovestins
  • 1698 de man fan Wolfgang thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
  • 1728 Georg Wolfgang baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg
  • 1731 Rixt Romkes, widdo fan Dirk Abes
  • 1811 J. Baukes Talsma
  • 1832 Hendrik Hendriks Wierdsma

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Stinzen yn Fryslân
  • P. Noomen stinzen in middeleeuws Friesland en hun bewoners, 2009
  • Herma M. van den Berg - De monumenten van geschiedenis en kunst, Noordelijk Oostergo, Ferwerderadeel, 1981
  • A. Algra - De historie gaat door het eigen dorp”, A. Algra
  • Hisgis