Joost Prinsen wie in soan fan boargemaster Claudius Prinsen dy't yn 1952 ferstoar. Hy groeide op mei syn mem, fjouwer susters en in broer. Nei it Stedsk GymnasiumDe Bosk, wêrfan't seis jier op it ynternaat fan it Biskoplik Kolleezje yn Weart, folge Prinsen de oplieding oan de Toanielskoalle yn Amsterdam.
Syn frou Emma ferstoar yn 2020 nei in houlik fan 46 jier. Tegearre hiene se twa adoptearre dochters. Prinsen fûn yn 2021 in nije leafde by Noraly Beyer, earder nijslêzeres. Dy relaasje hold stân oant syn ferstjerren. Joost Prinsen ferstoar op 3 novimber 2025, yn 'e âldens fan 83 jier, oan de gefolgen fan blaaskanker.