Springe nei ynhâld

Joost Oomen

Ut Wikipedy
Joost Oomen
skriuwer
Joost Oomen yn 2016
Joost Oomen yn 2016
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
berne18 novimber 1990
berteplakDe Bilt
wurk
taalNederlânsk
sjenrePoëzy
Proaza
Muzyk
útjouwerQuerido
jierren aktyf2010 - no

Joost Oomen (De Bilt, 18 novimber 1990) is in dichter, skriuwer, performer en muzikant.

Joost Oomen waard opbrocht yn Ysbrechtum en studearre Nederlânsk oan de Ryksuniversiteit Grins. Hy wie húsdichter fan de universiteit yn it jier 2010-2011. Yn 2013 en 2014 waard Oomen stedsdichter fan Grins. Hy organisearre 'Kantoorpoëzie' en wie mei-organisator fan 'Absintherklaas'. Yn'e mande mei Marleen Nagtegaal organisearre hy inkelde jierren it poëzyfestival Dichters yn de Prinsetún yn Grins.

De Volkskrant beneamde Oomen ta literêr talint fan it jier 2021, nei't er it jier dêrfoar al by de lêste trije stie. Fan septimber 2021 ôf is Oomen fêste kollumnist by it Dagblad van het Noorden en de Ljouwerter Krante.

Oomen is tegearre mei Stefanie Liebreks en Yentl van Dokkum -oprjochter fan Poëzie is een daad, in Instagram-account dat alle dagen in gedicht online set en neamd is nei in gedicht fan Remco Campert. De blomlêzing Voor alle dagen (2023) is dêrút fuortkaam. Ek is er fan 2022 ôf redaksjelid fan literêr tydskrift De Revisor. Yn 2024 waard de Johnny van Doorntrofee oan him takend. Yn it akademysk jier 2020 -2026 is Oomen gastskriuwer fan de Ryksuniversiteit Grins.

Syn roman Het Paradijs van Slapen is nominearre foar de Inktaap 2026.

Oomen is in achterneef fan nijslêzeres Astrid Kersseboom.

  • 2011 - Vliegenierswonden (poëzy)
  • 2013 - De stort (poëzy)
  • 2016 - De zon als hij valt (novelle)
  • 2020 - Het Perenlied (roman)
  • 2022 - Visjes (roman)
  • 2022 - De eerste kip van Nederland (Gelders Geschiedenisgeschenk)
  • 2023 - Lievegedicht (poëzy)
  • 2023 - Alle dichters hebben gouden helikopters (teäterfoarstelling)
  • 2024 - Het paradijs van slapen (roman)

Keppelingen om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: