Joop Bierma
| Joop Bierma | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Johannes Hessel Bierma | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 13 maart 1962 | |
| berteplak | Sint-Jabik | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| sport | keatsen | |
| funksje | Opslagger | |
| PC | 1989 | |
| debút | 1982 | |
| karriêre-ein | 1990 | |
| ekstra | 1× PC kening (1989) Klaverke Fjouwer Freule 1978 Bûnspartij 1982 Jong Nederlân 1982 PC 1989 | |
Johannes Hessel (Joop) Bierma (Sint-Jabik, 13 maart 1962) is in earder Frysk keatser en winner fan it klaverke Fjouwer.
Bierma helle 162 punten foar it ivich keatsklassemint. Doe't er sechstjin jier âld wie wûn Joop foar de keatsferiening Het Noorden út Sint-Jabik de Freulepartij yn Wommels en mocht it tradisjonele gouden horloazje yn ûntfangst nimme. Fjouwer jier letter, yn 1982, wûn er de Jong Nederlânpartij en as klap op de fjoerpylk ek de Bûnspartij foar Senioaren. Yn 1989 wûn er mei Sake Porte fan Froubuorren en Hotse Rusticus fan Marsum de PC. Joop Bierma waard ta kening útroppen.
Nei dy oerwinning wûn Bierma net in protte prizen mear, nettsjinsteande dat hy mei deselde maten fan 1989 de twadde priis op de PC fan 1990 wûn. Yn 1991 krige er op in gure keatsdei yn Rie lêst fan in blessuere, dêr't er fierder it hiele seizoen lêst fan ûnderfine soe. Ek de stúdzje Masineboukunde yn Ynskedee, it op en del nei Twinte reizgjen wie net befoarderlik foar it beoefenjen fan de keatssport. Yn 1992 hong er de keatswant oan 'e wylgen nei't er lêst krige fan in ûnwillige spier yn 'e rêch.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|