Springe nei ynhâld

Jonni Myyrä

Ut Wikipedy
Jonni Myyrä
sporter
Jonni Myyrä (1920)
Jonni Myyrä (1920)
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJoonas Myyrä
nasjonaliteit Finsk,
Amerikaansk (nei 1924)
bertedatum13 july 1892
berteplakSavitaipale
stjerdatum22 jannewaris 1955 flagge fan de Feriene Steaten
stjerplakSan Francisco
lingte1.86 m
gewicht80 kg
sportive ynformaasje
sportAtletyk
ûnderdielSpearsmiten
O.S.Stockholm 1912,
Antwerpen 1920,
Parys 1924
karriêre-ein1924
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 2x Olympyske Spullen 1920, 1924

Joonas (Jonni) Myyrä (Savitaipale, 13 july 1892 - San Francisco Feriene Steaten, 22 jannewaris 1955) wie in Finsk spearsmiter.

Hy die trije kear mei oan de Olympyske Simmerpullen (yn 1912, 1920 en 1924). Hy waard yn Antwerpen Olympysk kampioen by it spearsmiten mei in Olympysk rekôr fan 65,78 meter. Fjouwer jier letter yn Parys prolongearre Myyrä syn Olympyske titel mei in ôfstân fan 62.69 meter.

Nei de Spullen fan 1924 kearde Myyrä net werom nei Finlân, mar ferfear nei Amearika fanwegen jildproblemen. Hy soe jild fan it gemeentebestjoer fan Savitaipale fertsjustere hawwe, nei't in houtseagerij dêr't er yn ynvestearre hie fallyt gien wie. Hy hat nea werom west yn syn heitelân.
Jonni Myyrä ferstoar op 22 jannewaris 1955, yn 'e âldens fan 62 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: