Springe nei ynhâld

Synonym (taksonomy)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Jonger synonym)

In synonym is yn 'e taksonomy ien fan twa of mear wittenskiplike nammen dy't ferwize nei itselde takson (soarte, skaai, famylje, ensfh.). Yn 'e soölogy en de botany wurdt hat it begryp "synonym" in justjes ferskillende betsjutting.

Yn 'e botany wurdt mei synonym in wittenskiplike namme oantsjut dy't ferwiist nei in takson dat no in oare wittenskiplike namme hat. De spjirre, bygelyks, waard yn 'e achttjinde iuw foar it earst wittenskiplik beskreaun troch de Sweedske biolooch Carolus Linnaeus. Dyselde joech de beam de wittenskiplike namme Pinus abies. Tsjintwurdich wurdt dy namme net mear brûkt en hjit deselde beam Picea abies. Dat wol sizze dat Pinus abies in botanysk synonym is fan Picea abies.

Yn 'e soölogy binne alle wittenskiplike nammen ûnderling synonimen dy't itselde takson oantsjutte binnen in beskaat boppelizzend takson. Om in foarbyld te jaan, de lânkaartflinter waard oarspronklik (troch Linnaeus) beskreaun ûnder de wittenskiplike namme Papilio levana. Linnaeus beskreau ek wat er tocht dat in oare, mar nau besibbe flintersoarte wie as Papilio prorsa. Letter die bliken dat Papilio prorsa in ôfwikende seizoenale foarm fan Papilio levana wie, en dat it dus om itselde bist gie. Dêrom binne dy beide wittenskiplike nammen synonimen.

Mar de hjoeddeistige wittenskiplike namme fan 'e lânkaartflinter, Araschnia levana, dy't it bistke krige om't it by neier ynsjen oerpleatst wurde moast nei in oar skaai, is neffens de regels fan 'e soölogyske nomenklatuer gjin synonym fan 'e beide boppeneamde, yn ûnbrûk rekke wittenskiplike nammen, om't it in namme út in oar skaai is. Dit ûnderskie is frij yngewikkeld. It wurdt troch leken faak net begrepen, of, as it begryp der wol is, foar de ienfâld weilitten. Dêrom wurde wittenskiplike nammen lykas Papilio levana en Araschnia levana faak oantsjut as synonimen, hoewol't se dat strikt nommen net binne.

In soölogysk takson kin op elts willekeurich stuit mar ien jildige wittenskiplike namme hawwe. Yn prinsipe jildt de regel dat it dêrby giet om 'e âldste namme, dus de wittenskiplike namme dy't it earst oan it bist jûn is. In synonym dat letter jûn is, bygelyks oan in ferskiningsfoarm dy't úteinlik itselde bist blykt te wêzen, wurdt in jonger synonym (Ingelsk: junior synonym) neamd. It komt soms foar dat der wat mei de âldste namme mis is, sadat derfoar keazen wurdt om fan 'e op ien nei âldste namme de wittenskiplike namme te meitsjen. Sa kin it wêze dat der al in nau besibbe soarte is, dy't in sterk oerienkommende wittenskiplike namme hat.

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.