Jones County (Mississippy)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Jones County
It gerjochtsgebou fan Jones County yn Ellisville.
It gerjochtsgebou fan Jones County yn Ellisville.
sifers
soarte gebiet county
ynwennertal 68.461 (2018)
oerflak 1813,0 km²
befolkingstichtens 37,8 / km²
polityk
lân Flag of the United States.svg Feriene Steaten
steat Flag of Mississippi.svg Mississippy
haadplak Ellisville en Laurel
grutste plak Laurel
oar
stifting 1826
tiidsône UTC –6
simmertiid UTC –5
koördinaten 31°62′ N 89°17′ E
webside jonescounty.com

Jones County is in county yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Mississippy. De haadplakken binne Ellisville en Laurel, wylst Laurel it grutste plak is. neffens in offisjele skatting út 2018 hie Jones County doe rom 68.000 ynwenners.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jones County leit yn it súdeasten fan 'e Amerikaanske steat Mississippy en hat in oerflak fan 1.813,0 km². Dêrfan bestiet 1.800,3 km² út lân en 12,7 km² (0,7%) út oerflaktewetter. Jones County hat in rjochthoekige foarm en wurdt begrinzge troch Jasper County yn it noarden, Wayne County yn it easten, Perry County yn it súdeasten, Forrest County yn it súdwesten, Covington County yn it westen en Smith County yn it noardwesten.

De lokaasje fan Jones County yn 'e steat Mississippy.

Jones County telt twa stêden (Ellisville en Laurel) twa towns (Sandersville en Soso), ien census-designated place (Sharon), en sân gemeentefrije doarpen of unincorporated communities (Eastabuchie, Errata, Moselle, Ovett, Sand Hill, Shady Grove en Whitfield). De county omfettet ek in diel fan it Nasjonaal Wâld De Soto.

Fierders wurdt Jones County trochsnien troch de autosnelwei Interstate 59 en troch de autowegen U.S. Highway 11, U.S. Highway 84, Mississippi Highway 15, Mississippi Highway 28 en Mississippi Highway 29. De Regionale Lofthaven Hattiesburg-Laurel leit deunby it doarp Moselle.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Binnen in desennium nei't Mississippy in Amerikaanske steat wurden wie, waard yn 1826 Jones County as county oprjochte. Yn dy tiid bestie it gebiet noch hast hielendal út nullewâld en sompen. De nije county waard ferneamd nei John Paul Jones, in seeheld út 'e Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch. Ellisville, it haadplak, waard ferneamd nei Powhatan Ellis, in lid fan it Steatskongres fan Mississippy dy't úthold dat er ôfstamme fan Pocahontas.

Jones County wie ûngeskikt foar grutte plantaazjes om katoen te ferbouwen, sa't dy yn 'e njoggentjinde iuw grutte dielen fan Mississippy dominearren. Ynstee waard it gebiet kolonisearre troch earme blanken, dy't yn har libbensûnderhâld foarseagen as gernier, komelker of houtsjer. Yn 'e 1830-er en 1840-er jierren, doe't der in ekonomyske resesje hearske, ferlieten in protte lju Jones County en omlizzende gebieten om harren heil fierder nei it westen te sykjen, yn westlik Mississipy, Louisiana en fral Teksas.

Yn 1860, oan 'e foarjûn fan 'e ôfskieding fan 'e Konfederearre Steaten fan Amearika en it útbrekken fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch, bestie de grutte mearderheid fan 'e blanke ynwenners fan Jones County út lju dy't gjin slaven yn besit hiene om't se dêr gewoan te earm foar wiene. Negerslaven foarmen doe mar 12% fan 'e befolking fan 'e county, wat it leechste persintaazje fan alle countys yn Mississippy wie.

De ôfskieding fan Mississippy fan 'e Feriene Steaten waard beävensearre troch de rike slavehâlders en plantaazje-eigners. Yn Jones County waard yn 1860 as fertsjintwurdiger fan it gebiet yn it Steatskongres mei oerweldigjende mearderheid John Hawthorne Powell jr. keazen, dy't fûleindich op ôfskieding tsjin wie. Neffens it ferhaal soed er syn efterban lykwols ferret hawwe troch, doe't er ienris keazen wie, fan stânpunt te feroarjen en op 'e ôfskiedingskonvinsje fan Mississippy foar ôfskieding te stimmen. Yn wurklikheid wiene der mar twa mooglikheden om op te stimmen: direkte ôfskieding en in stadiger foarm fan ôfskieding yn oerlis mei de oare steaten fan it Amerikaanske Suden. Powell stimde foar de twadde opsje as de minste kweade kar fan twa kweaden.

Under de Boargeroarloch ûntjoegen Jones County en omlizzende gebieten (wêrfan fral Covington County), har ta in taflechsoard fan deserteurs út it Konfederearre leger. De county waard oanhâldend oandien troch Konfederearre troepen, dy't by wize it ynjen fan belesting, om 'e troepen oan it front mei te ûnderhâlden, de earme pleatslike befolking hast alles ôfnamen. Yn it neijier fan 1863 kloften yn Jones County deserteurs en útnaaide negerslaven gear ta in grutte wapene binde ûnder lieding fan in Newton Knight. Se pasten guerriljataktiken ta tsjin 'e Konfederearre troepen en wisten it ynjen fan belesting effektyf ûnmooglik te meitsjen. Tsjin ein maart 1864 hiene se it bestjoer fan Jones County oernommen en yn july rôpen se dêr de ûnôfhinklike Frijsteat Jones út, dy't him ôfskate fan 'e Konfederaasje.

Ekonomy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jones County is in plattelânsgebiet, mei in ekonomy dy't foar it meastepart basearre is op 'e lânbou en de boskbou. De grutste wurkjouwers yn 'e county binne Howard Industries, mei 3.700 wurknimmers en it South Central Regional Medical Center, in sikehûs, mei goed 1.800 wurknimmers. Oare wurkjouwers mei mear as tûzen banen binne de Ellisville State School fan it Mississippi Department of Mental Health, en it Jones County School District.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in offisjele skatting troch it Amerikaanske Folkstellingsburo op grûn fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Jones County yn 2018 in befolking fan 68.461 minsken. De befolkingstichtens bedroech 37,8 minsken de km².

Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 wie doe fan 'e befolking fan Jones County 14,2% âlder as 65 jier en 25,8% jonger as 18 jier. Fierders bestie 24,4% fan 'e húshâldings út ien persoan, wylst 19,8% fan 'e befolking ûnder de earmoedegrins libbe.

Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 69,2% blanken; 26,3% swarten; 2,0% Latino's; 0,4% Yndianen; 0,3% Aziaten; 1,8% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Polityk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Polityk sjoen stimde Jones County oant en mei de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 1960 altyd yn mearderheid op 'e Demokratyske Partij, útsein yn 1948 doe't de mearderheid op 'e kandidaat fan in trêde partij stimde. Sûnt 1960 hat Jones County altyd op 'e Republikeinske Partij stimd, útsein 1968, doe't op 'e nij in kandidaat fan in trêde partij de measte stimmen behelle.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.