Jona (profeet)
| Jona | ||
| Jona wurdt troch de grutte fisk op it lân spuid, skildere troch Pieter Lastman (1621). | ||
| Persoanlike gegevens | ||
| alternative nammen | Jonah, Yonah, Yunus | |
| berne | 8e iuw f.Kr. | |
| berteplak | Chat-Hefer (Galiléa) | |
| ferstoarn | ûnbekend | |
| stjerplak | ûnbekend, mooglik Ninevé of Chat-Hefer | |
| leeftyd | net neamd | |
| folk | Israelitysk | |
| Famylje | ||
| heit | Amittai | |
| mem | net neamd | |
| Bibelske rol | ||
| rol | profeet | |
| perioade | 8e iuw f.Kr. (regear fan Jerobeäm II) | |
| bekend fan | de grutte fisk; preekjen yn Ninevé; de wûnderbeam | |
| neamd yn | Jona, 2 Keningen | |
| religieuze tradysje | joadedom; kristendom; islam | |
Jona (Hebriuwsk: יוֹנָה, Yonah, betsjutting: "do") is in bibelsk figuer en de haadpersoan fan it âldtestamintyske boek Jona. Hy wie in profeet út it Noardryk Israel dy't libbe yn 'e achtste iuw f.Kr. Jona is foaral bekend wurden om 't er besocht him foar de opdracht fan God wei te winen, wat derta late dat er trije dagen yn 'e búk fan in grutte fisk ferbleau.
De flecht foar God
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De Heare joech Jona de opdracht om nei Ninevé te gean, de haadstêd fan it Assyryske Ryk, om dêr te preekjen tsjin 'e minsken fanwegen harren grutte sûnden. De Assyrjers stiene bekend as wrede fijannen fan Israel en Jona hie gjin nocht om harren te helpen. Yn plak fan nei it easten (Ninevé) te reizgjen, flechte er nei it westen. Hy gie nei Joppe en stapte op in skip nei Tarsjisj (mooglik it antike Tartessos yn Spanje).

Underweis op see liet God in swiere stoarm opstekke. De seelju waarden bang en begûnen harren eigen goaden oan te roppen. Jona, dy't ûnder yn it skip lei te sliepen, waard wekker makke troch de skipper, dy't him ferge ek syn god oan te roppen. Doe't Jona it skipfolk fernijde dat hy de reden wie dat de see sa wyld wie om't er flechte foar de Heare fregen de seelju wat se dan moasten om de see wer del te bêdzjen. Op fersyk fan Jona smieten de seelju him doe yn 'e see, dy't doe delbêde.
Trije dagen yn de fisk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]God liet Jona lykwols net ferdrinke en liet in grutte fisk komme om Jona op te slokken (faak wurdt in walfisk neamd, mar de Bibel hat it oer in 'grutte fisk'). Trije dagen en trije nachten siet Jona yn 'e búk fan 'e fisk. Dêr bea Jona ta God en ûnthiet er syn opdracht dochs út te fieren. Doe joech de Heare de fisk opdracht om Jona op it drûge te spuien.
De bekearing fan Ninevé
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Andrea Vaccaro (Museo de Bellas Artes de Sevilla)
Jona gie doe nei Ninevé, in stêd sa grut dat it trije dagen duorre om der trochhinne te rinnen. Hy ferkundige dêr it boadskip dat de stêd oer fjirtich dagen ferneatige wurde soe. Ta syn fernuvering namen de ynwenners de warskôging serieus en de kening fan Ninevé en alle ynwenners lutsen rouklean oan en begûnen te fêstjen. Doe't God seach dat hja harren libben ferbetteren, krige Er begrutsjen en liet de stêd gewurde. Ninevé waard net ferneatige.
Jona syn lulkens en de wûnderbeam
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jona wie dêr hiel lilk om en hy fûn dat God te goed wie foar de fijannen fan syn folk. Hy gie de stêd út en gie dêr sitten te wachtsjen om te sjen wat der barre soe. Om him skaad te jaan, liet God in wûnderbeam opsjitte, dêr't Jona tige mei op it skik wie. Mar de oare moarns liet God de plant troch in rûp oanfrette, sadat dy ferdrûge.
God liet dy dei in waarme eastenwyn opkomme en sûnder skaad stiek de sinne him op 'e holle. Jona fûtere oer de sitewaasje, mar doe frege God him oft er wol it rjocht hie om sa kiezzich te wêzen: as Jona al fertriet hawwe koe om in plant dêr't er neat foar dien hie, hoefolle te mear moast God dan net begrutsjen hawwe mei in stêd as Ninevé, dêr't mear as hûnderttweintich tûzen minsken wennen?
Betsjutting
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Yn it kristendom wurdt it ferbliuw fan Jona yn 'e fisk as in foarútwizing nei de opstanning fan Jezus Kristus sjoen. Jezus neamt dit sels yn it Evangeelje: "Lykas Jona trije dagen en trije nachten yn 'e búk fan it seemeunster siet, sa sil de Minskesoan trije dagen en trije nachten yn it binnenste fan 'e ierde wêze (Mattéus 12:40)."
Yn 'e islam wurdt Jona as de profeet Yunus beskôge as in foarbyld fan ien dy't him feroatmoedige foar God. Yn 'e Koran is sels in hiele soera (haadstik 10) nei him ferneamd.
Ofrin
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Tradisjoneel wurdt oannommen dat Jona weromgie nei Israel. Dochs binne der ferskate plakken dy't oanspraak meitsje op syn grêf:
- Mosûl, Irak: De meast ferneamde lokaasje foar it grêf wie de Al-Nabi Yunus moskee op in heuvel yn Ninevé. De Al-Nabi Yunus moskee yn Mosûl is boud op in lokaasje fan in earder kristlik Jonaskleaster. Leauwigen fan 'e Tsjerke fan it Easten groeven dêr yn 1349 in lichem op fan 'e yn it jier 701 ferstoarne patriarch Hnanisho I. Neffens de histoarikus Amr wie it lichem noch sa yntakt, dat it like of de patriarch slepte. Dy ûntdekking brocht in soad minsken der ta om nei it kleaster te gean en wat letter, om 1365, joech de lokale hearsker Jalal al-Din Ibrahim al-Khatni opdracht om it kleaster ôf te brekkken en op it plak in grutte moskee te bouwen en hy bearde dat it de lokaasje wie dêr't de profeet Jona begroeven wie. Iuwenlang bidden moslims dêr by it grêf fan in kristlike patriarch en op 24 july 2014 blaasde Islamityske Steat it kompleks op om't de moskee in plak fan ôffallichheid wie.
- Gat-Chefer, Israel: Syn berteplak wurdt ek neamd as syn rêstplak.
- Jaffa (Joppe), Israel: Ek hjir wurdt neffens guon tradysjes in grêf oan him tawiisd.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Bibelboek Jona. 2 Keningen 14:25.
|
