Springe nei ynhâld

Johnny Weissmuller

Ut Wikipedy
Johnny Weissmuller
sporter
Johnny Weissmuller (1924)
Johnny Weissmuller (1924)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Peter Johann Weissmuller
nasjonaliteit Amerikaansk
bertedatum 2 juny 1904
berteplak Freidorf Flagge fan Eastenryk Hongarije
stjerdatum 20 jannewaris 1984
stjerplak Acapulco flagge fan Meksiko
etnisiteit Eastenryksk
sportive ynformaasje
sport Swimmen,
Wetterpolo
ûnderdiel Frije slach
O.S. Parys 1924,
Amsterdam 1928
wichtige prestaasjes
Goud grut goud 5x Olympyske Spullen 1924, 1928
Brûns grut brûns 1x Olympyske Spullen 1924
Johnny Weissmuller
akteur
Johnny Weissmuller 1940'er jierren
Johnny Weissmuller 1940'er jierren
persoanlike bysûnderheden
jierren aktyf 1929-1976

Peter Johann (Johnny) Weissmuller (Freidorf Eastenryk-Hongarije, 2 juny 1904 - Acapulco Meksiko, 20 jannewaris 1984) wie in Amerikaansk swimmer en akteur.

Hy waard berne as Peter Johann Weissmüller yn Freidorf (in wyk yn it hjoeddeiske Timișoara yn Roemeenje) yn it doetiidske Eastenryksk-Hongaarske ryk en doopt as János Weissmüller. Syn âlden wiene de Dútsksprekkende Eastenrikers Petrus Weißmüller en Erzsébet Kersch.

Doe't Johann sân moanne âld wie ferhuze wie de húshâlding nei Amearika. Mei de S.S. Rotterdam setten hja op 14 jannewaris 1905 ôf út Rotterdam en kamen tolve dagen letter oan yn New York. By oankomst waarden harren nammen feroare yn de mear Ingelsk klinkende nammen Peter, Elizabeth en Johnny Weissmuller.

Nei in tal jierren yn Pennsylvania wenne te hawwen ferhuze de famylje nei Chicago. Johnny's heit wie de eigener fan in bar en syn mem waard sjefkok yn in restaurant.

Al op jonge leeftiid wiene Johnny en syn broer goede swimmers. De strannen fan it Michiganmar waarden harren favorite simmerbestimming. Hy waard lid fan it Stanton Park-swimbad en wûn alle jeugdtoernoaien. Op syn tolfde waard er opnaam yn it YMCA-swimteam. Op 9 july 1922 swom Weissmuller as earste minske ûnder de minút op 'e 100 m frije slach.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924 en 1928). Hy waard yn Parys Olympysk kampioen op de 100, 400 en de 4x200 meter frije slach, ek wûn hy mei it Amerikaanske wetterpoloteam in brûnzen medalje. Fjouwer jier letter yn Amsterdam prolongearre hy syn titel op de 100 en de 4x200 meter frije slach.

Nei de Olympyske Spullen fan 1928 waard er profesjoneel ferklearre om't er optreden hie yn in show yn Miami mei Pete Desjardins, Martha Norelius en Helen Meany. Weissmuller gie hjirnei oan it wurk as akteur. Hy fertolke jierrenlang de rol fan Tarzan. Fan 1934 ôf waard de Ierske aktrise Maureen O'Sullivan syn fêste tsjinspylster as Jane.

Weissmuller hat fiif kear boaske west, alle houliken binne op 'e non rûn. Johnny Weissmuller ferstoar op 20 jannewaris 1984, yn 'e âldens fan 79 jier, oan de gefolgen fan longoedeem.

Filmografy as akteur
jier titel rol of funksje opmerkings
films
1929 Glorifying the American Girl Adonis
1931 Swim or Sink as himsels
Water Bugs as himsels
1932 Tarzan the Ape Man Tarzan
The Human Fish as himsels
1934 Tarzan and His Mate Tarzan
1936 Tarzan Escapes Tarzan
1939 Tarzan Finds a Son! Tarzan
1941 Tarzan's Secret Treasure Tarzan
1942 Tarzan's New York Adventure Tarzan
1943 Tarzan Triumphs Tarzan
Tarzan's Desert Mystery Tarzan
Stage Door Canteen as himsels
1945 Tarzan and the Amazons Tarzan
1946 Tarzan and the Leopard Woman Tarzan
Swamp Fire Johnny Duval
1947 Tarzan and the Huntress Tarzan
1948 Tarzan and the Mermaids Tarzan
Jungle Jim Jungle Jim
1948 The Lost Tribe Jungle Jim
1950 Mark of the Gorilla Jungle Jim
Captive Girl Jungle Jim
Jungle Jim in Pygmy Island Jungle Jim
1951 Fury of the Congo Jungle Jim
Jungle Manhunt Jungle Jim
1952 Jungle Jim in the Forbidden Land Jungle Jim
Voodoo Tiger Jungle Jim
1953 Savage Mutiny Jungle Jim
Valley of Head Hunters Jungle Jim
Killer Ape Jungle Jim
1954 Jungle Man-Eaters Jungle Jim
Cannibal Attack Johnny Weissmuller
1955 Jungle Moon Men Johnny Weissmuller
Devil Goddess Johnny Weissmuller
1970 The Phynx as himsels
1976 Won Ton Ton, the Dog Who Saved Hollywood Stagehand #2
televyzje
1956–1958 Jungle Jim Jungle Jim

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: