John Woodhouse
| John Woodhouse | ||
| John Woodhouse yn 1972 | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Jan Hendrik Holshuijsen | |
| nasjonaliteit | ||
| berne | 1 juny 1922 | |
| berteplak | Amsterdam | |
| stoarn | 7 maaie 2001 | |
| stjerplak | Turnhout | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | muzikant, komponist | |
| medium | akkordeon | |
| jierren aktyf | 1937–2001 | |
| offisjele webside | ||
| dDscogs-profyl IMDB-profyl MusicBrainz-profyl | ||
John Woodhouse, pseudonym fan Jan Hendrik Holshuijsen, (Amsterdam, 1 juny 1922 - Turnhout, 7 maaie 2001 wie in Nederlânske akkordeonist en komponist.
Hy waard ûnder mear bekend as begelieder fan Annie Cordy, Tante Leen, as komponist fan Koffie, koffie, lekker bakkie koffie, songen troch Rita Corita, en as akkordeonfituoas yn withoefolle telefyzjeprogramma's.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Doe't er fyftjin wie waard er wrâldkampioen akkordeonspyljen troch it Alla Turca fan Mozart te spyljen mei de akkordeon op'e rêch.
Woodhouse spile jierrenlang foar de VARA-radio mei it orkest Accordeola mei û.o. Jaap Valkhoff, Eddy de Jong e.o. en dêrneist ek noch as akkordeonist by it orkest de Windmolens. Op syn platen waard Woodhouse geregeld bystien troch keunstfluiter Gerry.
As Johnny Holshuysen komponearre en arranzjearre er goed 1000 stikken foar radio-ensembles as Accordeola, Bella Musica, de Edelweiss Kapell, Sfeer en Rhythme en ferskate ensembles en orkesten dy't syn namme droegen.
Hy krige neist Koffie, koffie, lekker bakkie koffie in goede namme mei it skriuwen fan ferskes. Hy wûn trije kear as komponist it Nationale Songfestival mei Speeldoos (1963, fertolke troch Annie Palmen), Het is genoeg (1965, fertolke troch Conny Vandenbos) en Ring-dinge-ding (1967, fertolke troch Thérèse Steinmetz).
Yn 1967 hie er in grutte hit mei Melodia, in ynstrumintale ferzje fan Hörst du mein heimliches Rufen spile op de Magic Accordeon, in elektroanyske akkordeon dêr't it lûd fan in elektrysk oargel út kaam. In tal lytsere hits folge. Grutte bekendheid krige er mei it telefyzjeprogramma Woodhouse in Wenen fan de TROS.
Yn 1973 wie Woodhouse gastmuzikant by komponist Ruud Bos op de soundtrack fan de film Naakt over de schutting. Syn akkordeonspul is te hearren by de iepeningstitels en yn noch in pear oare muzykfragminten yn de film.
Yn 1975 wurke John Woodhouse mei oan de film Rooie Sien. Hy is te sjen yn in lytse rol as akkordeonist yn it kafee dêr't Sientje (spile troch Willeke Alberti) har earste optredens hat.
Hy wenne de lêste jierren fan syn libben yn België en ferstoar yn Turnhout yn de âldens fan 78 jier.