Springe nei ynhâld

John Wick: Chapter 4

Ut Wikipedy
John Wick: Chapter 4
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseurChad Stahelski
produsintBasil Iwanyk
Erica Lee
Chad Stahelski
senarioShay Hatten
Michael Finch
kamerarezjyDan Laustsen
muzykTyler Bates
Joel J. Richard
filmstudioSummit Entertainment
Thunder Road Films
87Eleven Entertainment
distribúsjeLionsgate Films
spilers
haadrollenKeanu Reeves
Donnie Yen
byrollenBill Skarsgård
Shamier Anderson
Hiroyuki Sanada
Ian McShane
Laurence Fishburne
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre6 maart 2023
foarmlangspylfilm
sjenreneo-noir-aksjefilm
taalIngelsk
(ek wat Russysk, Japansk en Dútsk)
spyltiid169 minuten
budget en resultaten
budget$100 miljoen
opbringst$447,3 miljoen
prizen1 × Saturn Award
filmsearje
filmsearjeJohn Wick
 foarich dielJohn Wick: Chapter 3 –
   Parabellum

John Wick: Chapter 4 of koartwei John Wick 4 is in Amerikaanske neo-noir-aksjefilm út 2023 ûnder rezjy fan Chad Stahelski, mei yn 'e haadrollen Keanu Reeves en Donnie Yen. De titel betsjut "John Wick: Haadstik 4". De film is it fjirde diel út 'e John Wick-filmsearje, en folget as sadanich op John Wick: Chapter 3 – Parabellum út 2019. It ferhaal folget de deawaande hiermoardner John Wick, dy't syn fijannen ferrast mei it feit dat er noch libbet. Hy giet fierder mei syn syktocht nei wraak op 'e 'Hege Tafel', in ynternasjonaal komitee dat oan it haad stiet fan 'e wrâldwide organisearre misdie. John Wick: Chapter 4 krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses.

(De film begjint op it punt dêr't John Wick: Chapter 3 – Parabellum einige.)

Yn New York betteret de deawaande hiermoardner John Wick op nei't er delsketten is troch syn freon Winston Scott, de hotelmanager fan it New York Continental (dat in front foar de ûnderwrâld is). Hy nimt Winson neat nei, dy't die wat er dwaan moast om sels te oerlibjen. Dêrta moast er nei it pipen dûnsje fan 'e Hege Tafel, it ynternasjonale komitee dat wrâldwiid sizzenskip hat oer de organisearre misdie. Wick sit ûnderdûkt op 'e noed fan 'e saneamde 'kening fan 'e Bowery', dy't syn eigen griven tsjin 'e Hege Tafel hat (sjoch: John Wick: Chapter 3 – Parabellum). Wannear't Wick genôch oansterke is, fasilitearret de kening fan 'e Bowery syn ôfreis nei Marokko, dêr't Wick djip yn 'e woastyn de Aldste deadet, dejinge dy't "boppe de Tafel" stiet. Yn reäksje dêrop stelt de Hege Tafel de jonge Frânske ealman Vincent Bisset markys de Gramont oan om regaad te meitsjen. Hy kriget dêrby de frije hân.

Gramont reizget nei New York en ûntbiedt Winston by him. Dy syn freon Charon, de konsjerzje fan it New York Continental, giet mei him, hoewol't Winston him dat ûntriedt. Gramont beskrobbet Winston foar syn falen om Wick te deadzjen. Mei't er fermoedet dat de freonskip tusken Winston en Wick by dat falen in rol spile hat, ûntnimt er Winston syn posysje as hotelmanager en lit er it Hotel Continental opblaze. Winston wurdt ekskommunisearre fan 'e ûnderwrâld, mar ynstee fan Winston te fermoardzjen, sjit Gramont as ekstra straf ynstee Charon dea. Neitiid ûntbiedt Gramont Caine, in oare âlde freon fan Wick, in bline hiermoardner dy't net mear wurket en in tebeklutsen libben liedt. Gramont bedriget Mia, de dochter fan Caine mei de dea, en wit Caine op dy manear safier te krijen dat er de opdracht oannimt om John Wick út 'e wei te romjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens is Wick tydlik ûnderdûkt yn it Osaka Continental yn it Japanske Osaka, dêr't in oare âlde freon fan sines, Koji Shimazu, de manager is. Caine ken Wick lykwols goed en kin útriddenearje wêr't er him ophâlde moat. Mei in grutte kloft mannen fan Gramont, oanfierd troch dy syn trewant Chidi, en dêrtopta in kommando-ienheid fan 'e Hege Tafel, arrivearret Caine yn it Osaka Continental om it hotel te trochsykjen. Shimazu wegeret lykwols syn meiwurking, ta konsternaasje fan syn dochter Akira, dy't syn konsjerzje is. In gefjocht brekt út, wêrby't it meastepart fan 'e mannen fan Gramont en de Hege Tafel omkomme, mar itselde jildt foar Shimazu syn mannen. Wick deadet gâns fijannen en rekket úteinlings yn in gefjocht ferwikkele mei Caine, mar wit dyselde ôf te skodzjen. Bûtendoar wurdt er op in hier nei deade troch inkele kommando's fan 'e Hege Tafel, mar syn libben wurdt rêden troch in preemjejager mei in Dútske hardershûn dy't himsels "Nimmen" ("Nobody") neamt. Dyselde jout oan dat er fan doel is om Wick sels te deadzjen wannear't de priis op syn holle dêr heech genôch foar is. Shimazu rekket slaande deilis mei Caine en twingt de bline hiermoardner om him te deadzjen. Inkeld Wick en in ferwûne Akira witte út it Osaka Continental te ûntkommen.

Wick keart werom nei New York, dêr't de kening fan 'e Bowery op fersyk fan Winston in moeting tusken harren beävensearret by it grêf fan Charon. Winston wol fan Wick witte wat no eins syn eindoel is. Wick antwurdet dat er alle leden fan 'e Hege Tafel fermoardzje wol, sadat er frij fan harren wêze sil. Dêrop wiist Winston derop dat der dan gewoan oare leden foar de fermoarde lju yn 't plak oansteld wurde sille. De Hege Tafel is foar Wick net te ferslaan. Ynstee fertelt Winston, dy't sûnt de moard op Charon wrokket tsjin Gramont, Wick oer de markys. Hy wiist op 'e mooglikheid om in lid fan 'e Hege Tafel út te daagjen ta in duël. Dêrfoar moat er wol troch in oar lid fan 'e Hege Tafel oanwiisd wêze as foarfjochter. Winston suggerearret dat Wick him fermoedsoenet mei syn eigen misdiesyndikaat, de Ruska Roma, sadat er dêrfan de foarfjochter wurde kin. As Wick op dy manear Gramont yn in formeel duël ferslacht, kin er dêrmei syn frijheid winne.

Mei't er de goerie fan Winston oannimt, reizget Wick nei Berlyn, dêr't de Ruska Roma harren haadkertier fêstige hawwe. Hy besiket Pjotr, de lieder fan it misdiesyndikaat, te wurd te krijen, mar syn oannommen suster Katja fertelt him dat Pjotr nei de moard op 'e Aldste by wize fan ferjilding tsjin 'e famylje fan Wick fermoarde is yn opdracht fan Gramont. Wannear't er Katja it plan foarleit dat Winston betocht hat, stelt sy as betingst foar it wer opnimmen fan Wick yn 'e Ruska Roma dat er de moardner fan Pjotr om hals bringe sil. Dat is in man dy't Killa Harkan hjit en eigner is fan 'e nachtklub Himmel und Hölle. Wick wurdt dêr yntrodusearre troch Katja har swijsume trewant Klaus. It docht bliken dat Caine en Nimmen him nei Berlyn ta folge binne en ek yn Himmel und Hölle arrivearre binne. De obese Harkan besiket harren alle trije te deadzjen, wat harren twingt om gear te wurkjen. Trijeresom rûgje se de trewanten fan Harkan út, wêrnei't Wick yn in lang gejocht de taaie Harkan sels deamakket. Neitiid wurdt Wick, lykas him ûnthjitten wie, wer oannommen as lid fan 'e Ruska Roma.

It is Winston dy't Gramont opsiket om him de útdaging ta it duël te bringen. Hy manipulearret de markys, dy't earst ûnwillich liket om 'e útdaging oan te nimmen, om dat dochs te dwaan. As ûnderdiel fan 'e ôfspraken betinget er dat John Wick by it winnen fan it duël foar de rest fan syn libben folslein frij wêze sil fan 'e Hege Tafel. Foar himsels as Wick syn sekondant betinget Winston dat it New York Continental werboud wurde sil op kosten fan 'e Hege Tafel en dat hy wer manager wurde sil. Gramont giet dêrmei akkoart. Mar nei't de oerienkomst al sletten is, wiist er op in punt dat Winston ûntkommen is: as Wick it duël ferliest, wurdt syn sekondant (d.w.s. Winston) ek eksekutearre.

Der wurdt in moeting organisearre tusken Wick en Gramont yn Parys, mei de Boadskipper fan 'e Hege Tafel as midsman en arbiter. Dêrby wurde de bysûnderheden fan it duël ôfsprutsen. Der sil fochten wurde mei duëllearpistoalen by sinne-opgong by de Sacré-Cœur. Gramont makket gebrûk fan in mêsk yn 'e regels om persoanlike dielname oan it duël te ûntrinnen en ynstee in plakferfanger oan te wizen: Caine. De Boadskipper warskôget Wick en Winston dat se beide eksekutearre wurde sille as Wick te let op it plak fan it duël oanwêzich is. Nei't de oaren ôfset binne, moat Gramont Caine op 'e nij mei de dea fan syn dochter bedriigje om him safier te krijen en stim yn mei de plakferfanging. Caine betinget dat hy en syn dochter nei ôfrin fan it duël foar de rest fan harren libben frij wêze sille fan 'e Hege Tafel.

De kening fan 'e Bowery arrivearret yn Parys om Wick ta te rissen mei in op maat makke kûgelfrij pak en in pistoal mei ûngewoane bysûnderheden. Noch hy, noch Wick of Winston meitsje har der yllúzjes oer dat Gramont besykje sil om foar te kommen dat Wick op 'e tiid de Sacré-Cœur berikke kin. De kening fan 'e Bowery jout Wick in foarsprong troch him mei in boat oer it wetter safier mooglik dy kant út te bringen. Fan it punt ôf dêr't Wick oan lân giet, moat er him sels rêde. Fan 'e Arc de Triomphe ôf klearret er him in paad troch in see fan lju dy't him besykje te fermoardzjen foar de priis dy't troch Gramont op syn holle set is. Yn 't earstoan bedraacht dy $25 miljoen, mar neigeraden dat Wick de Sacré-Cœur hieltyd deuner benei komt, docht Gramont de priis omheech oant dy úteinlik $40 miljoen bedraacht.

Guon fan 'e mannen dy't efter Wick oan sitte, wurde delsketten troch Nimmen, dy't foarkomme wol dat Wick om hals brocht wurdt ear't de priis him heech genôch is. Wannear't de priis $35 miljoen bedraacht, giet Nimmen sels ek efter Wick oan, mar as Wick op in stuit kieze moat tusken it delsjitten fan Nimmen en it delsjitten fan Chidi, dy't risselwearret om 'e hûn fan Nimmen ôf te meitsjen, kiest Wick derfoar om 'e hûn te rêden en jout er Nimmen dêrmei in kâns om him te deadzjen. Dêrop beslút Nimmen lykwols om Wick rinne te litten. Op 't lêst moat Wick him yn 'e Rue Foyatier by in treppen fan 222 triemmen op fjochtsje, en as er sa goed as boppe is, wurdt er troch de mar licht ferwûne rekke Chidi delslein, sadat er by de treppen delkneppelet oant er wer hielendal ûnderoan is. Op dat stuit komt Caine opdaagjen, dy't der fanwegen syn eigen oerienkomst mei Gramont baat by hat dat it duël útfochten wurdt. Mei help fan Caine en Nimmen fjochtet Wick him jitris in wei nei de top fan 'e treppen. By de fjochtpartij rekket Chidi ûnder fuotten en wurdt yn it krús biten wurdt troch Nimmens hûn, wêrnei't er deasketten wurdt troch Nimmen.

Mei noch mar inkele sekonden oer ear't de sinne opkomt, arrivearret Wick by de Sacré-Cœur. It duël wurdt holden, wêrby't Wick en Caine mei de rêgen nei inoar ta stean geane en elts tritich passen foarút rinne. Dêrnei draaie se har om en op it befel ("Fjoer!") fan 'e Boadskipper besjitte se inoar mei antike duëllearpistoalen (dêr't mar ien kûgel yn kin). Op twaris tritich passen ôfstân bringe se inoar inkeld skampskotten ta. Dêrop krije se opdracht om tsien passen nei inoar ta te rinnen. Op twaris tweintich passen ôfstân reitsje se inoar wol, mar net fataal. Dan moatte se nochris tsien passen foarút rinne. Op twaris tsien passen ôfstân rekket Caine Wick yn 'e búk. Wick komt te fallen, en Gramont fearret op en easket it rjocht op om it fan syn plakferfanger Caine oer te nimmen en Wick it genedeskot ta te tsjinjen. Hy rint nei Wick ta om him fan tichteby dea te sjitten, mar dan bringt Wick syn eigen pistoal omheech en docht bliken dat hy de trêde kear de trekker net oerhelle hat. No docht er dat wol en sjit er Gramont tusken de eagen. De markys falt dea del.

De Boadskipper, dy't earder al syn argewaasje oer it hâlden en dragen fan Gramont oan 'e markys sels blike litten hie, stelt skodholjend fêst dat it duël beëinige is. Wick is frij fan al syn ferplichtings oan 'e Hege Tafel, en itselde jildt foar Caine en syn dochter. Winston kriget syn nije hotel en sil syn âlde funksje fan manager weromkrije. De Boadskipper en syn assistinten jouwe har ôf. Wick seit tsjin Caine dat er fan him (Caine) wat te goede hat, en Caine befêstiget dat dat sa is ear't er fuortgiet om syn wûnen fersoargje te litten. Wick freget oan Winston oft dy him thúsbringe wol, en Winston seit dat ta. Dêrnei strompelet Wick, dy't troch de trêde kûgel fan Caine fataal ferwûne rekke is, in eintsje by de Sacré-Cœur wei. Syn lêste tinzen besteget er oan syn ferstoarne frou Helen. Winston hâldt wurd en ferfiert it stoflik omskot fan Wick nei New York, dêr't Wick njonken Helen begroeven wurdt. Syn grêf wurdt besocht troch Winston en de kening fan 'e Bowery, dy't no foar de hûn soarget dy't Wick earder oannommen hie.

Yn in sêne dy't nei de ôftiteling folget, keart Caine yn Parys werom nei hûs om him wer by syn dochter Mia te jaan, mei wa't er jierrenlang gjin kontakt hân hat om't er har net yn gefaar bringe woe. Ear't er har berikke kin, wurdt er lykwols tsjinkeard troch in wraaksuchtige, mei in baas knyft bewapene Akira Shimazu.

Keanu Reeves.
Donnie Yen.
Bill Skarsgård.
haadrollen
personaazje             akteur/aktrise
John Wick Keanu Reeves
Caine Donnie Yen


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Vincent Bisset markys de Gramont Bill Skarsgård
"Nimmen" Shamier Anderson
Koji Shimazu Hiroyuki Sanada
Winston Scott Ian McShane
de Kening fan 'e Bowery Laurence Fishburne
Charon Lance Reddick
Akira Shimazu Rina Sawayama
Katja Javanavitsj Natalia Tena
Killa Harkan Scott Adkins
de Boadskipper Clancy Brown
Chidi Marko Zaror
Klaus Sven Marquardt
Ruska Roma-preester Andrej Kaminsky
Mia Caine Aimée Kwan
de Aldste George Georgiou
Helen Wick Bridget Moynahan (argyfbylden)
sûmowrakselder yn Osaka Continental #1 Tashiro Yoshinori
sûmowrakselder yn Osaka Continental #2 Hiroki Hishofuji

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De produksje fan John Wick: Chapter 4 waard yn maaie 2019 oankundige troch distributeur Lionsgate Films op basis fan it súkses fan 'e foargeande film yn 'e rige, John Wick: Chapter 3 – Parabellum. Krekt as de foargearnde trije dielen út 'e John Wick-rige waard ek John Wick: Chapter 4 wer regissearre troch Chad Stahelski. Dyselde wurke op basis fan in senario fan Shay Hatten en Michael Finch. As produsinten wiene Stahelski, Basil Iwanyk en Erica Lee by it projekt belutsen foar de filmstudio's Summit Entertainment, Thunder Road Films en 87Eleven Entertainment. Foar de film wie in budget beskikber fan $100 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Dan Laustsen, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Tyler Bates en Joel J. Richard.

De Jardin du Luxembourg yn Parys wie ien fan 'e filmlokaasjes foar John Wick: Chapter 4.

De opnamen foar John Wick: Chapter 4 setten op 28 juny 2021 útein en duorren oant en mei 27 oktober fan dat jier. Der waard op lokaasje filme yn New York en om utens yn Japan, Dútslân en Frankryk. Om't de opnamen yn Dútslân útrûnen, moasten der twa wiken ynhelle wurde ûnder de opnamen yn Parys. Ferskate leden fan 'e filmcrew omskreaune de opnamen dêre yn 'e media as "in hel". Nei't it skynt, makke regisseur Chad Stahelski de boel noch minder trochdat er om it hoartsje ymprovisearre en op it lêste momint fan gedachten feroare oangeande de filmlokaasjes.

Yn Parys waard û.m. filme yn 'e Jardin du Luxembourg, yn 'e Sint-Eustachiustsjerke en op 'e 222 triemmen tellende treppens fan 'e Rue Foyatier, dy't omheechliede nei de Sacré-Cœur. De efterfolging en sjitpartij om 'e Arc de Triomphe hinne waard net yn Parys filme, mar op in ôftanke fleanfjild by Berlyn. De fan it plafon ôf filme lange fjocht- en sjitsêne yn in leechsteand gebou yn Parys waard ynspirearre troch it fideospultsje The Hong Kong Massacre (2019) en waard opnommen op in filmset dy't dêr spesjaal foar boud wie. Der waard ek in alternative ein fan 'e film opnommen, wêryn't it grêf fan John Wick yn 'e lêste sêne fan 'e film net troch Winston en de kening fan 'e Bowery besocht wurdt, mar troch John Wick sels, dy't syn dea yn sêne set blykt te hawwen. Mar testpubliken reägearren dêr sa ienriedich negatyf op dat fan dat idee ôfstapt waard.

De treppens yn 'e Rue Foyatier yn Parys wiene ien fan 'e filmlokaasjes foar John Wick: Chapter 4.

De distribúsje fan John Wick: Chapter 4 waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film gie op 6 maart 2023 yn Londen yn premiêre, en waard dêrnei op 13 maart fertoand op it filmfestival South by Southwest yn Austin (Teksas). John Wick: Chapter 4 iepene op 24 maart yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde dyselde deis by platemaatskippij Lakeshore Records. John Wick: Chapter 4 kaam op 23 maaie 2023 beskikber as digitale download en waard op 13 juny fan dat jier útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige John Wick: Chapter 4 oer it algemien positive resinsjes. Sa kwalifisearre Frank Schleck fan The Hollywood Reporter de film as "grutter, cooler, langer" en as in "epyske aksjefilm". Tom Jorgenson fan IGN, dy't de film in 10 op in skaal fan 1 oant 10 joech, neamde it "in modern epos". Op IndieWire joech Rafael Motamayor de film 5 fan 5 stjerren. Neffens him wie it de "bêste Amerikaanske aksjekaskreaker sûnt Mad Max: Fury Road".

De Sint-Eustachiustsjerke yn Parys wie ien fan 'e filmlokaasjes foar John Wick: Chapter 4.

Richard Roeper fan 'e Chicago Sun-Times parte John Wick: Chapter 4 'mar' 3 fan 4 stjerren ta. Syn wichtichste punt fan krityk wie de lange spyldoer fan 169 minuten. Hy skreau: "Earne yn 'e folslein ûnnedige, blastige spyldoer fan John Wick IV sit in briljante, ôfslanke, 100 minuten duorjende klassiker […] wêrfan't de, tajûn: sikestûkjende, aksjesênes net sa lang trochgûnzje dat se hast ferfeelsum wurde." Richard Brody fan it tydskrift The New Yorker hie mingde gefoelens oer it meastepart fan 'e film, mar fûn dat de "tûzelsinnich yntinse […] en sensasjonele" ein de rest fan 'e film de muoite wurdich makket.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat John Wick: Chapter 4 in tige heech goedkarringspersintaazje fan 94%, basearre op 374 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] heapet mear op fan alles en suggerearret dat, as it giet om in kreas klaaide Keanu Reeves dy't syn fijannen útskeakelet yn in deadlike balletstyl, der gjin sprake wêze kin fan té folle." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet John Wick: Chapter 4 in goedkarringspersintaazje fan 78%, basearre op 58 resinsjes.

De efterfolgings- anneks fjochtsêne om 'e Arc de Triomphe hinne waard eins filme op in ôftanke fleanfjild by Berlyn.

John Wick: Chapter 4 brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $187,1 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $260,2 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $447,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $100 miljoen betsjut dat in winst fan $347,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

John Wick: Chapter 4 waard yn 2024 nominearre foar de Golden Globe foar bêste sinematyske en kommersjele prestaasje. By de Saturn Awards waard John Wick: Chapter 4 nominearre foar prizen yn 5 kategoryen, wêrûnder bêste aksje- of aventoerefilm, bêste akteur (Keanu Reeves), bêste filmmontaazje en bêste produksje-ûntwerp. De film wûn de Saturn Award foar bêste thúsmediarelease. John Wick: Chapter 4 waard fierders nominearre foar de Screen Actors Guild Award foar bêste groep stuntlju, 3 People's Choice Awards en in MTV Movie Award.

Oarspronklik wie it de bedoeling dat John Wick: Chapter 4 en John Wick: Chapter 5 efterinoaroan filme wurde soene. De koroanapandemy soarge lykwols foar safolle opûnthâld dat de produsinten úteinlik fan dat idee ôfstapten. Geandewei de produksje fan John Wick: Chapter 4 waard de ein fan 'e film omwurke, sadat haadpersoan John Wick op 't lêst deagiet. Nei it útkommen fan 'e film yn 2023 giene der lykwols om 'e safolle tiid geroften dat John Wick: Chapter 4 dochs net de lêste film út 'e John Wick-filmsearje wêze sil. De driuwende krêft efter de mooglike weropstanning út 'e dea fan John Wick is filmstudio Lionsgate Films, dy't it grutte kommersjele súkses fan John Wick: Chapter 4 graach duplisearje wol. Op 1 april 2025 makke Adam Fogelson, de algemien direkteur fan Lionsgate, bekend dat der in fyfde John Wick-film mei Chad Stahelski as regisseur en Keanu Reeves as haadrolspiler yn ûntwikkeling is.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

John Wick
 
films
John Wick (2014) John Wick: Chapter 2 (2017) John Wick: Chapter 3 – Parabellum (2019) John Wick: Chapter 4 (2023) Ballerina (2025)
 
telefyzjesearjes
The Continental: From the World of John Wick (2023)