Springe nei ynhâld

John Rennie sr.

Ut Wikipedy
Portret fan John Rennie, 1810, fan Sir Henry Raeburn.

John Rennie (ûnder East Linton, East Lothian, 7 juny 1761Londen, 4 oktober 1821) wie in Skotsk yngenieur dy't tal fan brêgen, kanalen en dokken ûntwurpen hat.

Rennie wie in boeresoan dy't al op jonge jierren syn oanlis foar technyk toande mei it bouwen fan allerhanne modellen. Hy waard letter timmerman spesjalisearre yn meganyske kanten. Hy arbeide op mei Andrew Meikle, de útfiner fan de terskmasine. Fan 1780 oan 1783 studearre Rennie oan de Universiteit fan Edinboarch en gie dêrnei as yngenieur oan it wurk. Hy waard oannaam by Boulton and Watt, de firma fan James Watt, en wie dêr fiif jier dwaande mei de bou fan mûnen. Hy wie ien fan de earsten dy houtkonstruksjes troch izeren ferfong.

1791 ferfarre er nei Londen en stichte dêr syn eigen ûndernimming. Ta syn iere projekten hearre it Lancaster Kanaal (1792), it befarber meitsjen fan de rivieren de Chelmer en Blackwater (1793), it Crinan Kanaal (1794), it Kennet-en-Avon-Kanaal (1794 mei út ein set) en it ûntwetterjen fan de The Fens yn Norfolk (1802-1810). Yn de jierren dy't folgen oppenearre er him lykwols fral as brêgebouwer. Hy kombinearre stien mei jitiizer en skiep dêrmei flakke eliptyske brêgebôgen dy't der nea earder west hiene. Foarbylden dêrfan binne de Leeds Bridge, de Waterloo Bridge (1810-1817) en de Southwark Bridge (1815-1819) yn Londen.

Rennie wie ek ferantwurdlik foar it ûntwerp en de bou fan de dokken yn Kingston upon Hull, Liverpool, Greenock en Leith en foar de útwreiding fan de haven en werven yn Portsmouth, Chatham en Devonport. Syn lêste projekt wie de nijbou fan de London Bridge, dêr't 1821 mei út ein set waard en dy't troch syn soan John Rennie junior foltôge waard. Rennie waard byset yn Sint Paul's Katedraal.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: