Springe nei ynhâld

John Laurie

Ut Wikipedy
John Laurie
akteur
John Laurie yn Kidnapped, 1960
John Laurie yn Kidnapped, 1960
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJohn Paton Laurie
nasjonaliteit Britsk
berne25 maart 1897
berteplakDumfries
stoarn23 juny 1980 (83 jier)
stjerplakChalfont St. Peter
etnisiteit Skotsk
jierren aktyf1921–1979
offisjele webside
IMDb-profyl

John Laurie (Dumfries, Dumfriesshire, Skotlân, 25 maart 1897 – Chalfont St. Peter, Buckinghamshire, Ingelân, 23 juny 1980) wie in Skotske toaniel-, film- en telefyzjeakteur. Hy is yn it bûtenlân foaral bekend fan syn rol yn 'e sitcom Dad's Army (1968–1977) as soldaat Frazer, in lid fan 'e Home Guard.

Laurie wie in karakterakteur, dy't faak cast waard om’e wille fan syn útsprutsen Skotske foarkommen. As soan fan in mûnder, besleat er om in stúdzje arsjitektuer te begjinnen. Mei de Earste Wrâldoarloch kaam der in ein oan syn stúdzje en gie er yn tsjinst. Hy tsjinne yn Frankryk by The Honourable Artillery Company. [1] Nei de oarloch besleat er om in hiel oare rjochting op te gean: aktearje. Hy skreau him yn by de Central School of Speech and Drama yn Londen.

Syn earste toanieloptreden wie yn 1921. Tusken 1922 en 1939 ferskynde er gauris yn Shakespeare-stikken yn ferskate teäters en wied er in foardrager fan fersen, benammen fan Robert Burns. Om 1930 soe er ek yn films spyljen. Syn filmdebút makke er yn Juno and the Paycock (1930), regissearre troch [Alfred Hitchcock]]. Dy die ek in berop op him foar de rol fan John Crofter yn syn film The 39 Steps (1935). Underwilens rekke Laurie goed befreone mei noch in Shakespeare-akteur: Laurence Olivier. De twa ferskynden tegearre yn de film As You Like It (1936). Fierders wurke er mei de regisseurs David Lean, Michael Powell. Hy spile meast memorabele lytse of byrollen.

Yn de Twadde Wrâldoarloch die Olivier wer in berop op him foar de film Henry V (1944) nei it toanielstik fan Shakespeare mei deselde namme. Letter ferskynde Laurie noch yn Hamlet (1948) en Richard III (1955). Hy sleat him oan by de Home Guard yn syn wenplak Paddington.

Laurie troude yn 1924 mei Florence Saunders, dy't lykwols yn 1926 ferstoar. Hy troude fannijs yn 1928 mei Oona V. Todd-Naylor en krige in dochter mei har. Laurie ferstoar yn de âldens fan 83 jier oan longemfyseem. Hy wie de tredde akteur fan de cast fan Dad's Army dy't ferstoar.

Jier Titel Rol Oars
1930 Juno and the Paycock Johnny Boyle
1934 Red Ensign Forsyth
1935 The 39 Steps John the crofter
Her Last Affaire Robb
Tudor Rose John Knox Uncredited
1936 Born That Way Mc Tavish
East Meets West (1936 film) Dr. Fergusson
As You Like It (1936 film) Oliver
1937 The Windmill (1937 film) Mons. Coutard
Farewell Again Soldaat McAllister
Jericho (1937 film) Hassan Ek bekend as Dark Sands
The Edge of the World Peter Manson
There Was a Young Man Frjemdling
1938 The Duchess of Malfi Ferdinand fan Aragon TF
The Claydon Treasure Mystery Wilson – the Valet
White Secret MacDonald TF
A Royal Divorce Joseph Bonaparte
The Last Voyage of Captain Grant Captain Grant TF
The Ware Case Henson, the gamekeeper
1939 Mary Rose Cameron TF
Bees on the Boat-Deck Gaster TF
Q Planes Kranteredakteur
The Four Feathers The Khalifa
1940 Laugh It Off Jock
Convoy Gates
Sailors Three McNab
1941 The Ghost of St. Michael's Jamie
Old Mother Riley's Ghosts McAdam
Dangerous Moonlight Wing Commander
1942 Ships with Wings Lt. Comdr. Reid
1943 The Gentle Sex Alexander Balfour, Skotsk korporaal
The Life and Death of Colonel Blimp Murdoch
The Demi-Paradise Britsk seeman
The Lamp Still Burns Mr. Hervey
The New Lot Harry Fyfe Short, uncredited
1944 Fanny by Gaslight William Hopwood
The Way Ahead Soldaat Luke
Medal for the General McNab
Henry V Jamy
Men of Rochdale Mr. Ferguson Koart optreden
1945 The World Owes Me a Living Matthews
Great Day Skotsk sersjant
The Agitator Tom Tetley
I Know Where I'm Going! John Campbell
Caesar and Cleopatra 1st. Auxiliary Sentinel
Read All About It John Short, uncredited
1946 Gaiety George MacTavish
Jeannie Father TF
Two Gentlemen of Soho Sneak TF
School for Secrets Dr. Jock McVitie
1947 The Brothers Dugald McLeod / Alistair MacDonald
Jassy Tom Woodroofe
Uncle Silas Giles
Mine Own Executioner Dr. James Garsten
1948 Hamlet Francisco
Bonnie Prince Charlie Bline Jamie
1949 Floodtide Joe Drummond
1950 Madeleine Scots Divine Uncredited
Treasure Island Blind Pew
Trio Mr. Campbell (segmint "Sanatorium")
No Trace Inspector MacDougall
1951 Pandora and the Flying Dutchman Angus
Happy Go Lovely Jonskill
Laughter in Paradise Gordon Webb
Encore Andrews, Engineer (part "Winter Cruise")
1952 Saturday Island Grimshaw
Tread Softly Angus McDonald
Too Many Detectives Edward Potter Koart optreden
Potter of the Yard Koart optreden
1953 The Great Game Mac Wells
Captain Brassbound's Conversion Rankin TF
Henry V Pistol TF
The Fake Henry Mason
Johnny on the Run Plysje
Strange Stories Mr. Bartleby
Mr Beamish Goes South Edward Potter
Love in Pawn McCutcheon
1954 Hobson's Choice Dr. McFarlane
Calling Scotland Yard: The Sable Scarf
Devil Girl from Mars "Jamie" Jamieson
The Black Knight James, de tsjinner
Destination Milan Walter McHarry
1955 Richard III Lovel
1956 Festival Fever Annie har heit TF
A Day of Grace Omke Henry
1957 Murder Reported Mac North – redakteur
Campbell's Kingdom Mac
1958 Next to No Time Abercrombie, Scottish Director
Rockets Galore! Kapt. MacKechnie
1960 Kidnapped (1960 film) Ebenezer Balfour
1961 Don't Bother to Knock Taxi Driver
One Way Pendulum Rjochter TF
1963 Siege of the Saxons Merlin
Ladies Who Do Dr. MacGregor
1964 Eagle Rock Mr. McTavish Stim
1966 The Reptile Mâle Peter
1967 Mister Ten Per Cent The Scotsman
1970 Step Laughing Into the Grave TF
1971 Dad's Army Soldaat Frazer
The Abominable Dr. Phibes Darrow
1974 Charles Dickens' World of Christmas TF
1975 One of Our Dinosaurs Is Missing Jock
1976 Crime Casebook George Winterman / Sellens Koart optreden
1979 The Prisoner of Zenda Aartsbiskop
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Website The Honourable Artillery Company