John Gerrard Keulemans
| John Gerrard Keulemans | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| nasjonaliteit | ||
| berne | 8 juny 1842 | |
| berteplak | Rotterdam | |
| stoarn | 29 maart 1912 (69 jier) | |
| stjerplak | Ilford, no yn Grut-Londen | |
| wurkpaad | ||
| wurksum as | keunstskilder, yllustrator, ornitolooch | |
| bekendste wurk(en) | litografyen fan fûgels | |
| jierren aktyf | 1857-1912 | |
John Gerrard Keulemans (Rotterdam, 8 juny 1842 – Ilford, 29 maart 1912), berne as Johannes Gerardus Keulemans, wie in Nederlânsk keunstskilder, yllustrator en ornitolooch. Keulemans wie bekend om syn litografyen fan fûgels. Fan 1869 ôf wurke Keulemans yn Grut-Brittanje, dêr't er ek ferstoar.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]As jonge wie Keulemans al in grut natoerleafhawwer en hie er de ambysje om ûndersiker te wurden. Doe't er 19 jier âld wie, bea er syn tsjinsten oan as samler fan fûgeleksemplaren en -aaien by it Ryksmuseum fan Natuerlike Histoarje yn Leien (RMNH, no Naturalis). Yn 1864 waard er dêr oansteld as yllustrator/assistint. Hermann Schlegel, de doetiidske direkteur fan it RMNH, moedige him oan en stjoerde him yn 1864 op ekspedysje nei West-Afrika. Nei syn weromkear yn Europa yn 1866 soarge Schlegel foar in oanbefelling by it Britsk Museum. Yn 1867 brocht Richard Bowdler Sharpe (dy't letter konservator fan fûgels by it British Museum wurde soe) in besyk oan it RMNH en noege er Keulemans út om mei te wurkjen oan de yllustraasjes foar syn monografy oer iisfûgels.
Yn 1867 troude Keulemans yn Voorschoten mei Engelina Johanna Spoor; hja holp him by syn wurk. It pear ferhuze nei Grut-Brittanje ein 1869. Al gau waard er ien fan de meast sochte fûgelyllustrators fan syn tiid.[1]
Hy wurke as fêst yllustrator foar it ornitologysk tydskrift The Ibis (útjûn troch de British Ornithologists' Union), foar Novitates Zoologicae fan it Tring Museum, en foar de Proceedings en Transactions fan de Zoological Society of London.[2] Troch syn stúdzjes nei West-Afrikaanske sûkerfûgels waard er – njonken oare talintearre keunstners – útkeazen om it boek Monograph of the Nectariniidae fan George Ernest Shelley (1840–1910) te yllustrearjen.
Nei it ferstjerren fan syn earste frou yn 1876 troude er yn 1877 yn Londen mei de Ierske Arabella Miley. Hy krige yn totaal 14 bern, dêr't njoggen fan folwoeksen waarden. Keulemans hie fiif talen yn'e macht en wie in betûft sellist. Yn syn lettere jierren wijde er him oan it spiritualisme.[2]
Erkenning yn Nederlân
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Nei de emigraasje nei Ingelân waard er yn Nederlân minder bekend as yn it bûtenlân. Lykwols, syn earste grutte wurk - dêr't er ek de tekst foar skreau - ferskynde yn Nederlân (begjin 1869): Onze vogels in huis en tuin. Yn dy trijedielige útjefte stiene 200 platen fan Keulemans; oer 120 ôfbylde lânseigen (sjong) fûgels, en eksoatyske fûgels dy't yn hokken of tunen holden waarden.
- 1869: Onze vogels in huis en tuin, Volume 1,[3] 242 siden tekst; 70 yllustraasjes; 3 siden ynhâldsopjefte.
- 1873: Onze vogels in huis en tuin, Volume 2,[4] 194 siden tekst; 60 yllustraasjes; 3 siden ynhâldsopjefte.
Boppedat brûkte allinne Jac. P. Thijsse de platen fan Keulemans — wêrfan't guon postúm publisearre waarden — yn syn boek Het Vogeljaar (yn de earste printinge fan 1903/1904 en yn de bywurke sechsde printinge fan 1969).[1][2]
Oare wurken dy't Keulemans yllustrearre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Buller,W.L. (1872-1873) - History of the birds of New Zealand
- Anonymous (1874-1890) - Catalogue of the birds in the British Museum (vols. 1-13)
- Dresser, H.E. (1871-1881) - History of the birds of Europe (9 vols.)
- Godman, F.D. (1907-1910) - Monograph of the Petrels
- Koenig, A. ( 1911) - Avifauna Spitzbergensis [foar in part]
- Legge, W.V. (1878-1880) - History of the birds of Ceylon
- Lilford, T.L.P. (1891-1897) - Coloured figures of the birds of the British Islands [deels]
- Marshall, C.H.T. & G.F.L. Marshall (1870-1971) - Monograph of the Capitonidae
- Mivart, G.J. (1896) - Monograph of the Lories
- Naumann, J.F. (1896-1905) - Naturgeschichte der Vögel Mitteleuropas (jubileumútjefte Hennicke) [foar in part]
- Rothschild, L.W. (1893-1900) - Avifauna of Laysan
- Rothschild, L.W. (1907) - Extinct Birds
- Rowley, G.D. (1876-1878) - Ornithological Miscellany
- Salvin, O. & Godman, F.D. (1879-1904) - Biologia Centrali-Americana, Aves
- Sclater, P.L. (1879-1882) - Monograph of the jacamars and puffbirds
- Seebohm, H. (1887) - Geographical distribution of the Charadriidae
- Seebohm, H. (1898-1902) - Monograph of the Turdidae
- Sharpe, R.B. (1868-1871) - Monograph of the Alcedinidae[2]
Literatuer
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (ned) Voous, K.H. (1995) - In de ban van vogels. Geschiedenis van de beoefening van de ornithologie in Nederland in de twintigste eeuw. Tevens Ornithologisch Biografisch Woordenboek. Utj. Scheffers, Utrecht. 605 siden. ISBN 90 5546 013 3. s. 299/300.
Keppelingen om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Yllustraasjes út Birds of Laysan
- Lito's fan Keulemans
- Online-tentoanstelling fan it wurk fan Keulemans
- Stambeam fan de famylje Keulemans
| Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory John Gerrard Keulemans fan Wikimedia Commons. |
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
