Springe nei ynhâld

John Edward Williams

Ut Wikipedy

John Edward Williams (Clarksville, 29 augustus 1922 - Fayetteville, 3 maart 1994) wie in Amerikaansk skriuwer en dichter. Hy it meast bekend mei syn romans Stoner en Augustus. Dat lêste boek waard 1973 bekroane mei de National Book Award.

Williams wie fan boerekomôf; syn styfheit wie konzjerzje. Op skoalle die er it net sa bêst, dêrnei wie er in skoft sjoernalist. Yn de Twadde Wrâldoarloch tsjinne er by de loftmacht, ûnder mear twa en in heal jier yn Yndia en Birma. Werom yn Amearika pakte er syn stúdzje fannijs op en helle yn 1949 in Master of Arts oan de Universiteit fan Denver. Dêrnei studearre er noch Ingelske literatuer oan de Universiteit fan Missoury. Yn 1955 krige er in oanstelling as dosint kreatyf skriuwen oan de Universiteit fan Denver.

Neist stúdzjeboeken en twa dichtbondels skreau Williams fjouwer romans. It meast bekend binne Stoner (1965, in heal-autobiografyske roman oer in dosint oan de Universiteit fan Missoury) en Augustus (1972, oer de gewelddiedige Romeinsk keizer, bekroane mei de National Book Award). It wurk fan Williams wurdt yn it generaal priizge om syn sekuere, heldere, ynbannige skriuwstyl dy't jin yn it moed taast. Rivaliteit, oergeunst en ambysje binne wichtige tema's yn syn wurk, en fral ek de fraach hoe't gefoelige karakters dêrmei omgeane. Ek begryp en gjin hichte krije kinne rinne hieltyd troch de ferhaaltried: de yndividuele minske kin nea hieldal troch de oar kend en begrepen wurde, ek net troch syn neisten.

Williams' romans waarden lange tiid net opmurken troch it grutte publyk, mar nei in werútjefte fan Stoner yn 2006 fan de New York Review Books kaam der ynternasjonaal omtinken foar skriuwer en wurk. Stoner ferhellet fan it libben fan in trochsneed universitêr dosint Ingelsk: syn leafde foar it fak fan learaar en foar de literatuer, syn mislearre houlik en in yntinse ferhâlding mei in studinte, in dochter dy't al jong swier rekket, oerflakkige freonskippen dy't earst djipte krije nei ien syn fertsjerren. Yn it lêste haadstik stjert Stones sels en wurdt syn libben yn perspektyf set. Der is lykwols gjin moraal, earder in soarte fan fermoedsoening mei it libben sa't it wie.

Williams gie yn 1985 mei pinsjoen oan de universiteit en stoar yn 1994 oan longproblemen yn de âldens fan 71 jier. In fyfde roman, The Sleep of Reason, koe er net mear dien meitsje.

  • Nothing But the Night (1948)
  • The Broken Landscape: Poems (1949), gedichten
  • Butcher's Crossing (1960); 2013 yn 't Nederlânsk ferskynt: Butcher's Crossing
  • Stoner (1965); Nederlânske oersetting: Stoner
  • The Necessary Lie (1965), gedichten
  • Augustus (1972)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]