John Cassin

John Cassin (Chester County, Pennsylvania, 6 septimber 1813 – Philadelphia, Pennsylvania, 10 jannewaris 1869) wie in Amerikaanske ornitolooch en taksonoom.
Libben en wurk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Cassin kaam út in húshâlding fan quakers. Hy tsjinne yn it Leger fan de Uny yn de Amerikaanske Boargeroarloch en waard fêst set yn de beruchte Libby-finzenis yn Richmond, Virginia.
Yn 1835 ferhuze er nei Philadelphia en fertsjinne dêr syn jild as keapman en bestege al syn frije tiid oan it bestudearjen fan fûgels. Cassin beskreau 198 soarten en ûndersoarten fan fûgels dy't net earder yn de publikaasjes fan Alexander Wilson of John James Audubon neamd waarden.
Yn 1852 waard er keazen ta lid fan de American Philosophical Society en yn 1853 waard er op foardracht fan Gustav Hartlaub (1793–1879) earelid fan it Deutsche Ornithologen-Gesellschaft.
Cassin stoar yn 'e âldens fan 55 jier oan oan arsenikumfergiftiging feroarsake troch it arsenikum dat er brûkte foar it konservearjen fan fûgelhûden. Syn samling fan 4.300 fûgels waard troch John Whipple Potter Jenks kocht foar it Brown University's museum of natural history.
Wichtichste publikaasjes
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Illustrations of the Birds of California, Texas, Oregon, British and Russian America (1853-56) ISBN 0-87611-107-X
- Birds of North America (1860) - mei Spencer Fullerton Baird en George Newbold Lawrence.
- Descriptions of all North American Birds not given by Former American Authorities (Philadelphia, 1858)
- Birds of Chile (1855)
- Ornithology of the United States Exploring Expedition (Washington, 1845)
- Ornithology of Gillies's Astronomical Expedition to Chili (1855)
- Ornithology of the Japan Expedition (1856)
- Explorations and Survey for a Railroad Route from the Mississippi to the Pacific Ocean (1858)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|