Springe nei ynhâld

Johannes van der Veer

Ut Wikipedy
Johannes van der Veer
Johannes van der Veer (± 1895)
Johannes van der Veer (± 1895)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit Nederlânsk
Britsk
berne 5 febrewaris 1869
berteplak Hilaard
stoarn 30 augustus 1928
stjerplak Londen
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt Printer, ûndernimmer
aktyf as kristen-anargist, tolstojaan, propagandist

Johannes Koenraad van der Veer (Hilaard, 5 febrewaris 1869Londen, 30 augustus 1928) wie in kristen-anargist en skoft tolstojaan.

Hy wie de soan fan Nanne van der Veer, hanneler yn goud- en sulverwurk, bôlesuteler en Anna Catharina Wijnands. Hy troude op 12 july 1895 mei Amalie Emilie Auguste Stollberg, servearster en tsjinstfaam en letter lettersetster. Harren houlik einige sûnder bern op 27 juny 1922. Yn Ingelân troude er fannijs mei in sjongeres en neamde him dêr John C. Vanderveer, oftewol Védévé.

Johannes van der Veer waard grutbroch yn in earm gesin en ûntwikkele him as autodidakt. By syn oplieding ta printer groeide syn sympaty foar it sosjalisme en letter it kristenanargisme. Mei in tal freonen rjochte er yn 1886 in sosjalistyske jongereinferiening op, dy 't yn 1887 omset waard yn in ôfdieling fan de Sociaal Democratische Bond (SDB). Yn novimber 1892 waard er yn Middelburg troch de SDB oansteld as propagandist en iepenet er in boekwinkel anneks sigaresaak om yn syn brea te fertsjinjen.

Doe 't er yn 1896 oproppen waard foar skutterstsjinst wegere er him yn Middelburg te melden. As ûnleauwige koe er him net beroppe op syn gewisse. Syn rjochtsaak luts ynternasjonale omtinken. De oersette brief oer de motivaasje fan syn wegering kaam terjochte by Tolstoj dy't foar ynternasjonale publikaasje soarge. It soarge foar in lange korrespondinsje tusken Van der Veer en Tolstoj.

Yn Nederlân hold de ienfâldige Van der Veer tusken tolstojanen út folle hegere rûnten ta: de yngenieur Felix Ortt, de dûmnys Baehler en Kylstra, de biolooch en wittenskipper Jacob van Rees. Hy dielde lykwols harren striid tsjin drankmisbrûk, fiviseksje en de belutsenens by de koloanje (Ynternasjonale Bruorskip) yn Blaricum. Oer it libben en de sfear yn de koloanje rekke er bot teloarsteld. Yn 1901 sei Van der Veer it kristenanargisme iepentlik farwol omdat de earmoedekultus fan de beweging him in soad argewaasje joech. Uteinlik fielde Van der Veer him better thús by de S.D.A.P. dêr 't er yn 1900 ek lid fan wurden wie.

Hy fêstige him letter yn Ingelân dêr't er korrespondint waard foar ûnder oare De Telegraaf. Hy rekke dêr sa fier fan de pasifistyske tinkwrâld fan Tolstoj ôf dat er yn syn funksje yn de Earste Wrâldoarloch propaganda makke foar it meidwaan oan de oarloch. Nei de oarloch waard er foarsitter fan de bûtenlânske sjoernalisteferiening yn Londen. Hy stoar yn 1928 as Ingelsk steatsboarger.

  • P.J. Meertens, Veer (Johannes Koenraad van der) yn: Mededelingenblad, nr. 14, oktober 1959, 6-7
  • H.P. Abrahams, De Pers in Zeeland (Middelburg 1910), 238-241 en 348-354
  • J.J. Burnett, Obituary. Mr. Van Der Veer. Patriotic work in the war yn: The Times, 31.8.1928
  • Bymholt, Geschiedenis; Morgenrood, Zondagsblad voor de lezers van Recht voor Allen, 12.1.1895
  • L.N. Tolstoj, Les temps sont proches (Parys, 1897; oarspronklik yn it Russysk ferskynd)
  • Vliegen, Dageraad II, 199-291
  • R. Jans, Tolstoj in Nederland (Bussum, 1952)
  • Johan Frieswijk, Socialisme in Friesland (Amsterdam, 1977) 124-126
  • S. Leydesdorff, Verborgen arbeid vergeten arbeid (Assen, 1977) 49
  • J. Perry, Roomsche kinine tegen roode koorts (Amsterdam 1983) 71-77
  • G. Termeer e.a., Dienstweigeraars over dienstweigering en verzet tegen het militarisme vanaf de eeuwwisseling tot nu (Amsterdam 1984), 11-20
  • B. Altena, Geschiedenis van de socialistische pers in Zeeland, ôfleveringen 6 en 7 yn: Nieuw Zeeland, le jrg. nr. 7 en 8, (1984)
  • B. Altena, Een broeinest der anarchie. Arbeiders, arbeidersbeweging en maatschappelijke ontwikkeling. Flissingen, 1875-1929 (1940) (Amsterdam 1989)
  • A.J.M. Wagemakers, Buitenstaanders in actie. Socialisten en neutraal-georganiseerden in confrontatie met de gesloten Tilburgse samenleving 1888-1919 (Tilburch, 1990)

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: