Springe nei ynhâld

Johannes van Loenen

Ut Wikipedy

Johannes Bernardus van Loenen (Grins, 18 maart 1739De Jouwer, 21 april 1810 wie in Nederlânske grifformearde dûmny en politikus. Hy wie de soan fan Wijnandus Leunen en Lammichjen Koerts. Hy boaske yn 1773 Anna Wagemans en krige mei har fiif bern.

Nei syn stúdzje yn Grins waard hy fan 1764-1767 beroppen as predikant yn Borger. Yn 1767 waard hy predikant yn Marsum, en yn 1777 yn Noardwâlde. Fan 1793 oant syn dea wie hy dûmny op De Jouwer.

Yn de tiid fan de Bataafske Republyk waard hy op 7 septimber 1795 as fertsjintwurdiger fan Haskerlân keazen as fertsjintwurdiger by de foarlopige gearkomst fan Fryslân. Fan 1 febrewaris 1796 wie hy kommisjelid foar de saken fan de generaliteit fan Fryslân by de gearkomst fan representanten. Fan 4 febrewaris 1796 oant 1 maart 1796 fertsjintwurdige hy Fryslân as deputeare by de Steaten-Generaal fan de Feriene Nederlânske Provinsjes en dêrnei by de Bataafske nasjonale gearkomst. Fan 18 maart 1796 oant 19 maaie fan dat jier wie hy foar dyselde gearkomst fan representanten kommisje fan korrespondinsje fan Fryslân.[1] Fan 24 maaie 1796 oant 10 novimber fan dat jier wie hy foar it distrikt Wolvegea plakferfangend lid fan de Earste Nasjonale Gearkomst. Hy ferfong Mr. Siderius dy’t drok besteld wie mei syn wurk as lid fan de konstitúsjekommisje. [2]

  • Eenvoudig onderwijs in de voornaamste waarheeden, die in de Herv. Kerk gelooft en beleeden worden (It Hearrenfean, 1794).

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • P.J. Blok et P.C. Molhuysen, Nieuw Nederlandsch biografisch woordenboek, vol. 4, Leyde, A.W. Sijthoff, 1918 side 925

  1. parlement.com
  2. Repertorium fan amtsdragers en amtners 1428-1861