Springe nei ynhâld

Johannes van Dijk (keatser)

Ut Wikipedy
Johannes van Dijk
keatser
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJohannes van Dijk
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum31 augustus 1960
berteplakSeisbierrum
stjerdatum29 maart 2016
stjerplakLjouwert
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
sportkeatsen
PC1985,
1994
debút1981
karriêre-ein1995
ekstra1× PC kening (1985)

Johannes van Dijk (Seisbierrum, 31 augustus 1960 - Ljouwert, 29 maart 2016) wie in Frysk keatser.

Van Dijk helle 365 punten foar it ivich keatsklassemint. Van Dijk keatste yn syn jongesjierren by it Kristlike Fryske Keatsbûn om't er út in grifformearde húshâlding kaam. Al op tsienjierrige leeftiid woe er de oerstap nei de KNKB meitsje, mar syn heit, dy't fan 1973 oant 1994 haadbestjoerslid fan de CFK wie, wie dêr poer op tsjin. Dy oerstap folge seis jier letter dochs en waard troch syn heit, dy't in tsjinstanner fan it keatsen op snein bleau, akseptearre.

Van Dijk wie in eigensinnige keatser dy't ferbaal mei klam oanwêzich wie en hy lei faak oeral mei skiedsrjochters en karmasters. Dat soms rekalsitrante gedrach kaam him op meardere skorsingen te stean. Hy stie sawol foaryn as efteryn it perk, de twadde opslach wie hiel fluch, yn 1983 promovearre er nei de haadklasse.

Yn 1985 wûn er mei Ruudt Rutten fan Winaam en Tjerk de Groot fan Froubuorren foar de earste kear de PC. Johannes van Dijk waard ta kening útroppen.

Nei it seizoen 1987, dat net al te bêst ferrûn, hie er it hân mei it keatsen. Hy hie syn nocht fan it gedoch om de keatswant hinne, de kollegialiteit tusken de keatsers ûnderling wie fier te sykjen, de arbitraazje stie by him net heech oanskreaun en partoer ôfspraken waarden net neikaam. Ek de sfear om it fjild hinne ûntbruts en it belied fan it haadbestjoer en fan de technyske kommisje wie him in toarne yn it each. Dêrom hong er syn keatswant oan 'e wylgen en waarden de fuotbalskuon út de kast helle.

Mei in soad ferve ferdigene hy yn 1988 en 1989 it doel fan de Broekster Boys yn Damwâld. Mar fuotbal hie foar Van Dijk ek syn skaadkanten. Hy bliek gefoelich foar blessueres, hy ûndergie in meniskusoperaasje, hy bruts in lyts bonkje yn syn foet en hy kaam dêrtroch faak yn de syktewet telâne, dat ta ûntefredenheid fan syn wurkjouwer, de PTT. Yn 1990 gie er wer keatsen, no as in rêstige en foarbyldige keatser.

Fjouwer jier nei syn weromkommen op it keatsfjild wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Coos Veltman fan De Jouwer en Hotse Rusticus fan Marsum. Oan it ein fan dat seizoen sette er definityf in punt efter it keatsen yn de haadklasse.

Johannes van Dijk ferstoar op 29 maart 2016, yn 'e âldens fan 55 jier, oan de gefolgen fan longkanker.[1]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: