Johannes Zijlstra
| Johannes Zijlstra | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Johannes Zijlstra | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 25 septimber 1929 | |
| berteplak | Kimswert | |
| stjerdatum | 17 augustus 1990 | |
| stjerplak | De Jouwer | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| sport | keatsen | |
| funksje | Foarynse | |
| PC | 1955, 1960 | |
| debút | 1947 | |
| karriêre-ein | 1963 | |
| ekstra | 1× PC kening (1960) | |
Johannes Zijlstra (Kimswert, 25 septimber 1929 - De Jouwer, 17 augustus 1990) wie in Frysk keatser.
Zijlstra helle 280 punten foar it ivich keatsklassemint. Yn syn jongesjierren wie it yn syn bertedoarp dreech om in ôfdielingspartoer gear te stallen, omdat der yn dy kategory hast gjin keatsers wiene. Hy wie dêrom oanwiisd op wedstriden mei troch inoar lotsjen,en kaam meardere kearen mei in priis thús. Syn âlden ferhuzen letter nei Grou, mar omdat dêr kwealik keatst waard, ferkeas Zijlstra by syn pake en mem yn Kimswert te bliuwen.
Hy wie smidsfeint yn Achlum en waard dêr lid fan de keatsferiening mei deselde namme. Yn 1947 kaam er foar it earst út yn de haadklasse. Yn 1949 wûn hy de Jong Nederlânpartij foar dy feriening. De krêftich boude Zijlstra stie foaryn it perk en koe ek goed oerwei mei de opslach. Yn 1950 behelle er foar de keatsferiening Achlum de twadde priis op de Bûnspartij foar Senioaren.
Letter ferhuze Zijlstra nei De Jouwer en yn 1955 gie er nei Kreil yn de Noardeastpolder, dêr't er yn in smidderij wurkje soe. Op de motorfyts kaam er dan werom nei Fryslân om te keatsen. Daselde jier wûn er mei Meindert van der Weerd fan Arum en Wytse Vlietstra fan Frjentsjer foar de earste kear de PC. Fiif jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Jan Sijtsma fan Rie en Dirk van der Zee fan Ljouwert. Johannes Zijlstra waard ta kening útroppen.
Om't der yn Kreil gjin keatsferiening wie, kaam er by ôfdielingswedstriden út foar de keatsferiening Snits. Foar dy feriening boekte er yn 1962 en 1963 noch wat suksessen. Yn dat lêste jier beëinige hy syn karriêre yn de haadklasse en kaam dêrnei noch geregeldwei út op earste klasse wedstriden.
Johannes Zijlstra ferstoar op 17 augustus 1990 op De Jouwer yn de âldens fan 60 jier.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|