Johannes Ysbrands Galama

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
Jan Ysbrands Galama

Johannes Ysbrands Galama (Tsjerkwert, 24 febrewaris 1885 - Dachau, 20 juny 1942), wie in Nederlânsk pastoar te 's Heerenberg.

Galama waard berne as sânde bern fan Ysbrand Galama en Aaltje van der Wey. Syn mem stoar in heal jier nei syn berte, en syn heit stoar doe't Galama íén jier wie.[1]

Fan 30 jannewaris 1932 oant syn dea wie Galama warber yn de Pancratiustsjerke te 's-Heerenberg. Yn de Twadde Wrâldkriich warskôge er, mei syn twa kapelaans, M. van Rooijen en R. Hegge, de pleatslike befolking foar de lear fan de NSB. Neidat de Gestapo der lucht fan krige hie waarden hja alletrije oppakt en fêstset yn it hûs fan bewar fan Arnhim. Yn de oanklacht dy't sy yn it proses-ferbaal te hearren krigen hjitte it dat: "Haben Deutschfeindlichen Brief verbreitet und das Volk deutschfeindlich beeinflüszt". Galama stoar nei tamtearrings mei 57 jier yn it konsintraasjekamp Dachau.

Yn Fryslân wurdt er op 20 juny betocht.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Nederkoorn, W.P. & Stork, G.J.B. (1946) Er op of er onder. Hoe Achterhoek en Lijmers de Duitsche bezetting doorstonden en ervan werden bevrijd.. Doetinchem: C. Misset NV - p. 111
  • Galema, Gerard & Galama, Maikel & Galema, Annemieke. (1999) Famyljeboek Galema - Galama. Boalsert: Stichting Galama's en Galema's door de eeuwen heen.
  1. Jan Ysbrands Galama op www.ysa.nl