Johannes Westra
| Johannes Westra | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Johannes Westra | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 8 jannewaris 1946 | |
| berteplak | Ljouwert | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| sport | keatsen | |
| PC | 1968, 1969 | |
| debút | 1963 | |
| karriêre-ein | 1976 | |
| ekstra | Klaverke Fjouwer Freule 1960 Bûnspartij 1976 Jong Nederlân 1964 PC 1968 | |
Johannes Westra (Ljouwert, 8 jannewaris 1946) is in earder Frysk keatser, sportbestjoerder en winner fan it klaverke Fjouwer.
Westra helle 379 punten foar it ivich keatsklassemint. Doe't er fjirtjin jier âld wie wûn Johannes foar Ljouwert de Freulepartij yn Wommels en mocht it tradisjonele gouden horloazje yn ûntfangst nimme. Fjouwer jier letter, yn 1964, wûn er de Jong Nederlânpartij.
Yn 1968 wûn er mei Johan van Seijst fan Frjentsjer en Tamme Velstra fan Baard foar de earste kear de PC. in jier letter wûn er foar de twadde kear de PC, dy kear mei Johan van Seijst en Sikke Sikkema beide fan Frjentsjer. En as klap op de fjoerpylk wûn Westra sân jier letter de Bûnspartij foar Senioaren.
Nei syn karriêre as keatser hat Johannes in wichtige rol spile as bestjoerder yn de keatssport. Fan 1988 oant 1998 wie Westra foarsitter fan it Keatsbûn, en fan 2010 oant 2016 foarsitter fan de PC as opfolger fan Minne Dijkstra.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 1960 - Freule 1e priis
- 1963 - Jong Nederlân 3e priis
- 1964 - Jong Nederlân 1e priis
- 1965 - de Bond 3e priis
- 1966 - de Bond 2e priis
- 1966 - PC 3e priis
- 1967 - PC 2e priis
- 1968 - de Bond 4e priis
- 1968 - PC 1e priis
- 1969 - de Bond 4e priis
- 1969 - PC 1e priis
- 1970 - de Bond 2e priis
- 1970 - PC 2e priis
- 1974 - de Bond 4e priis
- 1974 - PC 3e priis
- 1975 - de Bond 5e priis
- 1975 - PC 3e priis
- 1976 - de Bond 1e priis
- 1976 - PC 3e priis
- 1977 - PC 2e priis
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
|