Johannes Tilkema

Ut Wikipedy

Johannes Tilkema (Easternijtsjerk, 18 april 191618 oktober 1992) wie in Nederlânsk politikus fan de CHU.

Nei de mulo gie er yn 1932 as folontêr oan 't wurk by de gemeentesekretary fan Eastdongeradiel. Hy brocht it dêr ta 2e amtner ear't er ein 1946 as haadkommys yn tsjinst kaam by de gemeente Hinnaarderadiel. Goed sân jier letter folge er dêr W. Vellinga op as gemeentesekretaris. Yn april 1962 waard Tilkema beneamd ta boargemaster fan Oldemarkt yn de Kop fan Oerisel. Oldemarkt fusearre yn 1973 mei de gemeenten Blankenham en De Kúnder ta de gemeente IJsselham dêr't er boargemaster fan waard. Tilkema bleau dêr boargemaster oant 1977.

Yn 1992 stoar er yn de âldens fan 76 jier.