Johannes Gerlofs Anema
| Johannes Anema | ||
| persoanlike bysûnderheden | ||
| echte namme | Johannes Gerlofs Anema | |
| nasjonaliteit | ||
| bertedatum | 24 desimber 1871 | |
| berteplak | Skingen[1] | |
| stjerdatum | 17 desimber 1936 | |
| stjerplak | Stiens | |
| etnisiteit | ||
| sportive ynfo | ||
| sport | keatsen | |
| PC | 1891, 1892, 1893, 1895 | |
| debút | 1890 | |
| karriêre-ein | 1906 | |
| ekstra | 2× PC kening (1891, 1892) | |
Johannes Gerlofs Anema (Skingen[1], 24 desimber 1871 - Stiens, 17 desimber 1936) wie in Frysk keatser.
Yn de begjinjierren fan syn keatsperioade wie it perkspul syn sterkste ûnderdiel. Letter lei er him ek ta op de opslach en dêryn ûntwikkele er him fuortfarrend en hy hie de suverheid en de snelheid al gau ûnder de knibbel. Kenmerkend hjirby wie syn lange oanrin.
Yn Dronryp bygelyks wie it fjild hjirop net berekkene. In omwenner fan it fjild wie dan sa reewillich om de doar foar him iepen te setten en dêr koe er mei de oanrin út begjinne.
Anema, dy't in protte lytse prizen wûn en benammen yn grutte plakken lykas Boalsert en Frjentsjer keatste, wûn yn 1890 de tredde priis op de PC. In jier letter hie er mear sukses. Mei Hemke Geerts Elzinga en Cornelis Baukes van der Weg wûn er de PC en waard ta kening keazen. Yn 1892 waard er foar de twadde kear ta kening keazen. Ek yn 1893 wûn hy de PC, no mei Pieter Baukes Yetsenga en Jan Reitsma, it trijetal wist ek noch de PC fan 1895 te winnen.
Anema kaam ek ynternasjonaal út, sa die er yn 1896 yn Brussel mei oan in wedstriid. Yn 1897, doe't er him as boer yn Doanjum fêstige, behelle er syn lêste sukses op de PC.
Johannes Gerlofs Anema ferstoar op 17 desimber 1936 yn de âldens fan 65 jier.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |