Springe nei ynhâld

Johannes Douwes Bierma

Ut Wikipedy
Johannes Douwes Bierma
keatser
persoanlike bysûnderheden
echte nammeJohannes Douwes Bierma
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum21 augustus 1872
berteplakSint-Jabik
stjerdatum4 maart 1948
stjerplakLjouwert
etnisiteit Frysk
sportive ynfo
sportkeatsen
PC1894,
1898,
1899
debút1891
karriêre-ein1901
ekstra1× PC kening (1894)
Foarsitter fan de NKB fan 1898 oant 1908.

Johannes Douwes Bierma (Sint-Jabik, 21 augustus 1872 - Ljouwert, 4 maart 1948) wie in Frysk keatser en sportbestjoerder.

Bierma begûn op fyftjinjierrige leeftiid wedstriden te keatsen. In jier letter mocht er by de senioaren útkomme en hy makke namme op de keatsfjilden troch yn Berltsum ferrassend de earste priis te winnen. Hy wurke by syn heit op de pleats en krige net folle frije tiid om te keatsen. Allinne op snein reizge er de keatsfjilden ôf, de oare dagen moast er wurkje. Hy keatste benammen op wedstriden yn grutte plakken lykas Frjentsjer en Boalsert en op wedstriden ticht yn de buert. Bierma hie in flugge, platte opslach en boppedat wie er loftshandich. De perkspilers hiene de grutste muoite mei syn opsleine ballen, dy't soms in frjemde kurve makken.

Yn 1894 waard hy mei Arjen Lammerts de Vries en Klaas Dirks Leeuwen winner fan de PC. Sûnder slach of stjit gie dat hielendal net, want Leeuwen foel fanwege in spierferrekking út. Hy waard ferfongen troch in balkearder en dêrtroch kaam Bierma yn it foarperk telâne, in posysje dêr't er nea aktearre. Hy die dat goed, se wûnen de PC en Bierma waard ta kening útroppen.

Yn 1898 waard Bierma foarsitter fan it Nederlânske Keatsbûn (NKB) en hy soe dy funksje oant 1908 beklaaie. De wurdearring foar de yntusken yn Hallum wenjende Bierma naam yn de Twadde Wrâldkriich ôf omdat er sympaty foar de besetter hie.

Johannes Douwes Bierma ferstoar op 4 maart 1948 yn de âldens fan 75 jier.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: