Springe nei ynhâld

Johannes Casparus Bergsma

Ut Wikipedy
Portret fan Bergsma troch Anna Dorothea Therbusch

Johannes Casparus Bergsma (Dokkum, 16 oktober 1746 - Mitselwier, 27 juny 1793?) wie in rjochtsgelearde en keapman by de VOC. Hy waard grytman fan Frjentsjerteradiel yn 1785. Wie foar 1795 lieder fan de aristokraten.

Hy wie in soan fan Wilhelmus Bergsma (1706 - 1774), sekretaris fan East-Dongeradiel[1], en Romelia Schik (1714-1792).[2]. Yn 1760 waard Bergsma ynskreaun oan de universiteit fan Frjentsjer en yn 1765 wied er dêr juridysk kandidaat.[3] Yn 1766 promovearre er yn Frjentsjer mei as promotor Hermanus Cannegieter.[4] Nei syn stúdzje besette Bergsma ferskate amten yn de VOC. De famylje Bergsma wie ek nau belutsen by de VOC. Sa hie syn omke Adriaan Bergsma (1702-1780) in hege posysje by de VOC-keamer fan Amsterdam, wie syn neef Theodorus Bergsma (1745-1773) ordinaris ried fan justysje yn Batavia en waard syn nicht Titia Bergsma bekend as earste Europeeske frou yn Japan.[5][6] Bergsma ferfarde yn 1773 mei it skip Vrouwe Geertruida nei Batavia dêr't er ûnderkeapman fan it provisymagazyn waard.[7] Yn 1778 gie er werom nei Nederlân.[5].

Bergsma besette ek oare bestjoerlike funksjes. Hy wie kommittearde fan de Provinsjale Rekkenkeamer fan Fryslân en lid fan Deputearre Steaten. Yn 1783 folge er syn broer Petrus Adrianus Bergsma op as sekretaris fan de gritenij Dantumadiel dy't dêr grytman waard. Johannes wie in foaroansteand patriot. Hy siet yn it "Geheim Comité van Achten" dêr't fierder Regnerus Livius van Andringa de Kempenaer, Sipco Basseleur, Court Lambertus fan Beyma, Egbert Sjuck Gerrold Juckema fan Burmania Rengers, Hans Hendrik fan Haersma, Willem Anne fan Haren en Schelte Hessel Roorda van Eysinga ek in sit yn hiene. Dat komittee bestie fan 1781 ôf en rette patriottistyske besluten ta dy't dêrnei troch de Steaten fan Fryslân bekrêftige waarden.[8] Hoewol't Bergsma en Van Beyma yn't earstoan goede bûnsgenoaten wiene, soe Van Beyma him yn 1783 oanslute by de demokratyske patriotten en waard Bergsma de oanfierder fan de aristokratyske patriotten.[9] Dêrneist soarge it fakant wurden fan it grytmanskip fan Frjentseradiel foar twaspjalt tusken dy twa; it amt gie lang om let nei Bergsma. Troch de ferskode machtsferhâlding naam Bergsma, lyk as ferskate oare patriotten, yn 1787 de wyk nei Frankryk.[10] Hy soe lykwols net út it amt set wurde.[9]

Fan in bewarre begraffenisleppel docht bliken dat Bergsma op 2 july 1793 beïerdige waard yn de Herfoarme tsjerke fan Mitselwier.[11] By it iepenjen fan it grêf fan Christoffel van Sternsee (†1560) en Kunera fan Ropta (†1555) yn 1915 die bliken dat Bergsma dêr ek yn byset waard.[12]

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Bergsma, Johannes Casparus.

  1. Dokkum, Doop Herf. gem. 1730-1772. DTB: 187.
  2. [1]
  3. Fockema Andreae, S.J. & Meijer, Th.J. (Red.) (1968). Album studiosorum academiae Franekerensis (1585-1811, 1816-1844) I. naamlijst der studenten. Franeker: T. Wever. pp.361, 368.
  4. Meijer, Th.J. (Red.) (1972). Album promotorum academiae Franekerensis (1591-1811). Frjentsjer: T. Wever. s.133.
  5. 5,0 5,1 Gaastra, F.S. & Seybel, W. (1994). Eyso de Wendt (1718-1780). een Kollumer koopman in de Oost. De Vrije Fries, 74, s.85-102.
  6. Zijlstra, H. (2008). Titia Bergsma, de eerste westerse vrouw in Japan. [blog] 24 april. Beskikber fia: Sneuperdokkum.blogspot.com. [Sjoen op 2 maaie 2021].
  7. Zijlstra, H. (2013). VOC journaal Dokkumer Theodorus Bergsma 1770/1771. [blog] 27 desimber. Beskikber fia: Hvnf.nl. [Sjoen op 2 maaie 2021].
  8. Colenbrander, H.T. (1898). De patriottentijd. Hoofdzakelijk naar buitenlandsche bescheiden. Deel 2: 1784-1786. De Haach: Martinus Nijhoff.
  9. 9,0 9,1 Volmuller, H.W.J. (1981). Nijhoffs Geschiedenis-lexicon. Nederland en België. De Haach: Martinus Nijhoff.
  10. Huisman, G.C. (Red.) & Bosscha, J. (2001). Voor revolutiën gebooren: brieven van Johannes Bosscha aan Gerard Tjaard Suringar, Parys, 1788-1793. s.n. Beskikber oer: Research.rug.nl. [Sjoen op 2 maaie 2021].
  11. Luijt, J. (Red.), Schipper, J., Stoter, M. & Venema, C. (2002). Dokkumer, Kollumer en Amelander Zilver. Dokkum: Streekmuseum Het Admiraliteitshuis. s.229.
  12. Berg, H.M. van den (1983). Noordelijk Oostergo. Dongeradelen. 's-Gravenhage: SDU uitgeverij. s.362.