Springe nei ynhâld

Jehannes (apostel)

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Johannes (evangelist))

Jehannes (Betsaïda, om 6Patmos, om 100) wie ien fan de tolve apostelen fan Jezus Kristus dêr't yn it Nije Testamint oer skreaun wurdt. Neffens de Bibel wie hy de soan fan fisker Sebedéus en de broer fan Jakobus. Sy waarden troch Jezus roppen om learling te wurden doe't Jehannes mei syn broer harren fiskersnetten oan it spielen wienen (Markus 1:19-20); sy joegen hjir fuortendaliks gehoar oan.

Bibelske skiednis

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tegearre mei Petrus wienen Jehannes en Jakobus (skûlnamme ‘soannen fan de tonger’) de meast fertroulike learlingen fan Jezus. Sa wienen hja ek op it wûnderlike momint op de berch doe't Jezus syn klean sa wyt as snie waarden en dêr't hy yn petear rekke mei de profeten Elia en Mozes (Markus 9:2-13).

Tradisjoneel wurdt Jehannes sjoen as skriuwer fan in oantal boeken fan it Nije Testamint, te witten: trije brieven, it apokalyptyske wurk (Iepenbiering fan Jehannes) en it wichtige nei him ferneamde Jehannes-evangeelje. Oer it generaal binne de teologen fan betinken dat dizze skriften skreaun binne op 'e ein fan de 1e iuw en dat it evangeelje net (hielendal) fan syn hân is mar troch ferskate skriuwers gearstald is.

Grêf fan Jehannes yn Efeze, Turkije.

Neffens de kristlike tradysje binne Jehannes en Marije nei Efeze ferfard en dêr ek ferstoarn. Troch de histoarisy wurdt dêr lykwols oan twivele fanwege de âldens fan Marije. Yn alle gefallen hat it evangeelje Grykske ynfloeden en it kin dêrom net útsluten wurde dat Jehannes yn Efeze wenne hat. Fierders is er neffens de leginde troch de Romeinen ferband nei Patmos dêr't er it boek Iepenbieringen skreaun hawwe soe. Neffens de oerlevering wie Polykarpus fan Smyrna in learling fan him.

Op 27 desimber wurdt Jehannes troch de Tsjerke feestlik betocht.