Johanna ter Steege

Ut Wikipedy
Johanna ter Steege
akteur
Johanna ter Steege yn 2008
Johanna ter Steege yn 2008
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 10 maaie 1961
berteplak Notter (Oerisel)
jierren aktyf 1988 - no
offisjele webside
(in) IMDb-profyl


Johanna ter Steege (Notter, 10 maaie 1961) is in Nederlânsk aktrise.

Libben en wurk[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Ter Steege studearre fan 1979 oant 1984 aan de Akademy foar Drama en Keunst yn Kampen. Fan 1984 oant 1988 die hja de toanielskoalle yn Arnhim. Op de Akademy hat hja mei in stikmannich studinten de teatergroep De Trust fan Theu Boermans oprjochte.

Yn 1987 waard Ter Steege frege foar in rol yn de film Spoorloos, regissearre troch George Sluizer. Dêrfoar krige sy de Felix Award (Berlyn) foar de bêste byrol. Sûnt hat se de hiele wrâld bereizge, spile yn ferskillende talen en wurke mei ferneamde regisseurs sa as Robert Altman (Vincent & Theo, 1990) István Szabó (Sweet Emma, dear Bobe), Heddy Honigmann (Tot Ziens/Goodbye, bêste aktrise yn Locarno) en Bruce Beresford (Paradise Road, 1997). Ter Steege hat wurke mei akteurs as Glenn Close, Frances McDormand, Isabella Rossellini, Gary Oldman, Tim Roth en Klaus Maria Brandauer.

Yn jannewaris 2001 spile hja Countess Geschwitz yn it stik LULU, regy Jonathan Kent, yn it Almeida Teater yn Londen en yn Washington.

Ter Steege is yn 1995 troud mei Jan Obbeek en waard op 24 april 1998 mem fan dochter Hannah, dy't ek aktrise is.

Sydlings[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stanley Kubrick fûn Johanna ter Steege de bêste aktrise fan de wrâld doe't er har castte foar de film Aryan Papers. Hy hie har leaver as Julia Roberts dy't troch de studio's nei foaren skood wie. De film waard oars net makke mei't Steven Spielberg syn film Schindler's List ek útkomme soe.[1] Ter Steege waard lykwols wol betelle foar de rol.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Toaniel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Hanna van Hendrik (2019) - Hanna
  • Terror (2017) - offisier fan justysje


Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Kubrick's lost movie: Now we can see it..., Geoffrey Macnab, 27 jannewaris 2009 yn The Independent