Johann Jakob Kaup

Johann Jakob Kaup (Darmstadt doe noch yn it Gruthartochdom Hessen, 20 april 1803 - Darmstadt, Dútske Keizerryk, 4 july 1873) wie in Dútsk paleontolooch en dierkundige.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De húshâlding dêr't Kaup út kaam wie earm. Syn heit Frederick Kaup wie luitenant mar moast fanwegen in skeel mei kollega's Darmstadt ferlitte foar Johann berne waard. Johann trochrûn de Latynske skoalle dêre. Hy siet dêr by letter bekende lângenoaten as Justus von Liebig en Georg Gottfried Gervinus op skoalle. Troch jildkrapte moast er yn 1819 fan skoalle. Dêrnei hold er him yndividueel dwaande mei wittenskiplik wurk. In jier letter ferstoar syn mem, hy waard dêrtroch mei 17 jier wees. Hy fertsjinne syn jild mei skriuwputsjes en mei de ferkeap fan opsette fûgels. Dy fûgels skeat er mei help fan in blaaspiip. It opsetten fan fûgels hie er leard fan Dr. Georg Bekker dy't bestjoerslid fan it Naturaliënkabinet fan de gemeente Darmstadt wie.
Yn 1822 studearre Kaup oan de Georg-August-Universität Göttingen in jier letter gie er nei de Ruprecht-Karls-Universiteit Heidelberg. Yn 1823 wurke er twa jier lang yn Leien ûnder lieding fan Coenraad Jacob Temminck oan it Ryks Museum fan Natuerlike Histoary (no Naturalis), dêr't er him foaral mei de systematyk fan fisken en amfibyen dwaande hold. Yn 1825 waard Kaup assistint-konservator oan it museum fan Darmstadt, hy krige dêrfoar fan de gruthartoch Lodewijk I fan Hessen-Darmstadt in tydlike oanstelling mei in jiersalaris fan 440 gûne. Dy baan hold er oant yn 1837. Yn dat jier krige er in fêste baan as konservator (wirklicher Inspektor). Omdat syn lean net foldwaande wie, fertsjinne er by as priveedosint fan bern út begoedige famyljes.
Yn 1831 krige er in earedoktoraat fan de Universiteit fan Giessen. Yn 1834 troude er mei Elise Hauser; út dat houlik binne fjouwer dochters en in soan fuortkommen.
De letter ferneamde bisteskilder en grafikus Joseph Wolf wurke koart nei syn grafyske oplieding by Kaup en makke libbensechte yllustraasjes fan troch Kaup beskreaun diersoarten.
Kaup waard yn 1854 foaral bekend troch it besetten fan it 3,5 meter hege en komplete skelet fan in Amerikaanske mastodont (Mammut americanum) fan it Philadelphia Museum (Feriene Steaten) foar mar 1200 gûne. Dy mastodont, fiere sibbe en tiidgenoat fan Euraziatische wolhierrige mammût (Mammuthus primigenius) út de Kwartêre Iistiid, is no yn it Hessisches Landesmuseum Darmstadt te sjen.
Yn 1855 waard er troch Karel Lucien Bonaparte útnûge om trije moanne te wurkjen oan de fiskkolleksje fan it Muséum national d' histoire naturelle yn Parys. Yn 1858 waard Kaup troch Lodewijk III fan Hessen-Darmstadt beneamd ta heechlearaar yn de soölogy.
Johann Jakob Kaup ferstoar yn july 1873 yn de âldens fan 70 jier en waard yn Darmstadt beïerdige.
Kaup is ûnder oare bekend as betinker fan populêre prehistoaryske taksa as Pterosauria, Machairodus, Deinotherium, Dorcatherium en Chalicotherium.
Publikaasjes (kar-út)
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skizze zur Entwickelungsgeschichte der europäischen Thierwelt (1829)
- Neuen Jahrbuch für Mineralogie, Geognosie und Petrefaktenkunde (1832) Meidogger
- Die Gavial-artigen Reste aus dem Lias (1842-1844) yn 'e mande mei Heinrich Georg Bronn
- Classification der Säugethiere und Vögel (1844)
- Beiträge zur näheren Kenntniss der urweltlichen Säugethiere (1855-1862)
Keppeling om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (dú) Johann Jakob Kaup (Nekrolog). Yn: Leopoldina, Dresden, October 1873, Heft IX. Nr. 3, 4. S. 18
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|