Johann Heinrich Diemer

Ut Wikipedy

Johann Heinrich (Harry) Diemer (Dronryp, 7 novimber 1904Neuengamme, juny 1945) wie in Frysk biolooch.

Diemer syn heit wie de herfoarme dûmny N. Diemer, dy't yn Fiifhuzen stie. Hy studearre biology oan de Universiteit fan Leien. Fierders bestudearre er de ideeën fan Abraham Kuyper, Herman Bavinck en Jan Woltjer en waard rillegau in oanhinger fan Herman Dooyeweerd's en D. H. Th. Vollenhoven's reformatoryske wiisbegearte.

Hy bestege in soad frije tiid oan de Stifting foar Reformatoaryske Wiisbegearte; hy wie sekretaris yn de redaksje fan har blêd Philosophia Reformata, fan de oprjochting yn 1936 ôf.

Jannewaris 1945 waard Diemer troch de Nazis arrestearre en nei it konsintraasjekamp Neuengamme stjoerd. Hy stoar efkes nei de befrijing fan it kamp troch de Ingelsken.

Publikaasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: